Boarstûntstekking
In boarstûntstekking begjint faak mei in hurd read plak op dyn boarst. Een saneamde driigjende ûntstekking. Ast in hurd read plak hast, kinst wilens it fieden probearje om dit hurde plak der út te massearjen. Massearje dochst troch mei dyn fingertop nei de tepel ta te striken. Eventueel kinst it massearjen ek ûnder in waarme dûs dwaan. Sit it nei it fieden der noch, en de poppe hoecht echt gjin drinken mear, kolfje dan by need efkes. Net te faak natuerlik, want troch it kolfjen stimulearrest de boarsten om mear molke te meitsjen en dan kin it wêze datst tefolle produksje hast.
Nei it fieden kinst eventueel der kâlde kompressen, (sûgkompressen wiet meitsje mei waarm wetter, dan ynfrieze en yn in hydrofyl waskhantsje op it seare plak lizze. Kinst ek kwark yn in pûdsje dwaan en der op lizze of koalsblêden der tsjin oan dwaan. Helje de kâlde kompressen in heal oere foar de fieding derôf en lis der dan waarme kompressen op. Troch de waarmte kin de fieding namentlik better trochstreame en dat is better foar dyn boarst. Fied sa faak mooglik. Begjin, salang at it noch driget te ûntstekken, mei it pynlike boarst sadat die goed leech dronken wurdt. Soargje dat it kintsje fan dyn poppe yn de rjochting fan it pynlike plak leit, sa wurdt dy molkeklier namentlik it bêste lege.
At dit allegear net helpt en de ûntstekking trochset kinst der medisinen foar krije. Tink der wol goed om datst medisinen krijst dy’t net skealik binne foar dyn poppe. Kinst gewoan troch fieden bliuwe, dat is it alderbêste, want de poppe drinkt de ûntstekking derút. It kin gjin kwea foar de poppe! Ast stoppest mei de boarstfieding wurdt de untstekking faak slimmer, omdat de molkeklieren net lege wurde. Wol kin it hiel erch pynlik wêze. Ik wit (spitich genôch) út erfaring wat in boarstûntstekking is, mar ik wit ek (efternei) dat it it beste is om troch fieden te bliuwen. Salang ast boarstfieding joust kin der ek in ûntstekking ûntstean.
Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: