Foarlêsmoarn mei de foarlêsbus!
x 21 september 2023
Freed 29 septimber ha wy wol in hiel spesjale foarlêsmoarn. Dan komt de Tomke&Keimpe-foarlêsbus hjir foar de winkel en kinne jim yn de bus foarlêzen wurde! Jim kâns om dizze prachtige bus fan binnen en fan bûten te besjen. En fansels is Tomke der ek by! Kinst dus mei Tomke én mei de bus op ‘e foto. Nei it foarlêzen meie jim ek noch nifelje yn ‘e winkel. Fol=fol!
Wannear: freed 29 sept.
Hoe let: 11.00-12.00 oere (10.45 oere ynrin)
Wêr: Afûk, Boterhoek 3 yn Ljouwert
Foar wa: foar alle bern dy’t noch net op skoalle sitte of in frije dei ha
Kosten: fergees!
UPDATE: de bus sit fol, oanmelde kin spitigernôch net mear!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: