heit&mem

Regeldagen, wat zijn dat eigenlijk?

De namme seit it al, it binne dagen wêrop de poppe syn fiedingen regelt. Se hawwe dan meastentiids net genôch oan wat se op dat stuit krije. Poppen groeie snel, hjirtroch is de behoefte oan molke dan ek grutter. Advys is om de poppe gewoan faker oan it boarst te lizzen, sadat der wer mear molke produsearre wurdt. Soms drinke se wol om it oere en binne 8 oant 10 fiedingen (op in dei) hiel normaal. Sommige memmen kinne hiel ûnseker wurde at harren poppe ynienen folle faker drinke wol.

Dieuwke van der Meer 21 september 2015

Dan tinke se dat se net genôch molke mear hawwe, mar troch gewoan faker oan te lizzen, komt der ek wer mear molke! De boarsten kinne wol slap en leech oanfiele wilens dizze dagen, mar dat komt omdat de boarsten net de tiid krije om ‘fol’ te reitsjen. Dit omdat bern soms om it oere drinke wolle.

Wêroan kinst sjen datst yn de regeldagen sitst? De poppe gûlt dan mear, faaks binne se ûnrêstich en wolle se folle faker drinke. Soms wol om it oere. Meastentiids komt dit rûn de 10 a 14 dagen foar, dus krekt wannear de kreamfersoarchster foart is! En rûnom de 6 wike en 3 moanne. Mar it kin ek faker foarkomme. Ast as mem siik west bist of ast wer oan it wurk moast, kin de produksje ek iets ôfnommen wêze. Dan ek gewoan faker oanlizze of kolve. De regeldagen duorre meastal 1, soms 2 dagen. Ferwar it net mei it saneamde ‘kluster’ fieden. Ek dan wol in poppe faker drinke as oars (letter fertel ik der mear oer).

Regeldagen komme sawol by boarst- as flesfiedingsbern foar. By de flesfieding kinst ris in bytsje mear fieding yn de fles dwaan en dan sjen of de poppe rêstiger wurdt en langer tefreden is.

 

Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

 

Boekentip: Veilig door de kraamtijd

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!