heit&mem

Dit is míjn plek

Kinderen en hun lievelingsplek in Leeuwarden

De foto-eksposysje Dit is míjn plek fertelt ferhalen fan bern út alle úthoeken fan de stêd Ljouwert.
Elske Riemersma is de fotografe. Se liet har meinimme troch bern fan 8 jier en âlder, nei de favorite plakjes dêr’t sy graach bûten boartsje, soms allinne en faak mei freonen. 

Ciska Noordmans 21 september 2015

Elske wie nijsgjirrich oft bern yn dit digitale tiidperk noch wol bûten boartsje en har fermeitsje kinne. 
Ljouwert troch de eagen fan bern. 

Op syk nei bern

Op fjouwer skoallen yn Ljouwert hat se har plannen foar de eksposysje út de doeken dien. Lytse groepkes bern hawwe har inwijden yn de deistige boarters- en weikrûpplakken. Dêrnei binne de âlders ynljochte en foar tastimming foar de foto’s. Mar Elske is ek sels op ‘e fyts troch de omjouwing gongen om bern op te sykjen en moaie foto’s te meitsjen.

Boartsje mei ‘niks’

Al hoewol’t de wrâld der no oars útsjocht, binne bern noch altyd hiel graach bûten, neffens Elske. Folwoeksenen herinnerje har út har bernejierren dat se mei  ‘niks’ boartsje moasten. Bern fan no dogge dat noch altyd; In famke út Westeinde makket fan kleefkrûd meubeltsjes, in pear jonkjes binne oant skatgraven en sa binne der in protte foarbylden fan bern dy’t har meinimme litte troch har fantasy.

Wat, wêr, wêrom, €‘s ?

Dizze foto’s binne oant ein desimber te besjen yn it Historisch Centrum (ticht by de Ald Hou/Oldenhove).

Spesjaal foar bern binne de foto’s wat leger ophongen as oars.
Jim kinne eefkes binnen rinne en omsjen, de tagong is fergees. Boekwurkjes mei foto’s € 5 by HCL en de Afûk.
Leuk om mei bern te praten oer de lol fan boartsjen, oer ‘vroeger’ en no!
Lês hjir foar mear ynfo!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.