heit&mem

De nije heit&mem is der wer!

De nije heit&mem is der wer!

Dieuwke van der Meer 12 juni 2023

Hawwe jim de nije heit & mem al sjoen?? Yn dit nûmer giet it û.o. oer lytse ûndernimmers, de magy fan poëzy, oer heechgefoelige bern mei in sterke wil, oer Roan dy’t in auto-ymmúnsykte hat, oer bûtenboartsjen, hutten bouwe en noch folle mear!

It blêd wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht, by biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen.

Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl.

Kinst ek in eksimplaar thús besoarge litte, it blêd is hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten.

De heit&mem is hjir online yn te sjen.

Hast fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem? Lit it ús witte! Maile mei nei ynfo@heitenmem.nl.

In protte lêswille tawinske!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.