heit&mem

Resinsje fan Tietsje: Pinkeltsje yn Fryslân

x 11 mei 2023

Wat in leuk boek is dit! It ferhaal is foar alle leeftiden en hoewol’t de spanningsbôge foar de jongsten miskien krekt wat oan ’e lange kant is, wurdt dat mear as goedmakke troch de dúdlike omskriuwing fan de reaksjes fan de pinkels en hoe’t har omjouwing der útsjocht.

Under it lêzen fan it ferhaal wane we ús echt yn ’e wrâld fan de pinkels en is it net dreech om ús foar te stellen hoe’t it foar harren wêze moat yn de grutteminskewrâld. Ek ha wy de grutste wille mei it neidwaan fan de non-ferbale reaksjes fan de pinkels.

Pinkeltsje wurdt yn dit boek ophelle troch de Pinkelakei en by kening Pinkelpracht brocht. Kroanprins Pinkelhert is ferdwûn! Hoe kin dat no samar? Oan Pinkeltsje en Pinkelotsje de opdracht om Pinkelhert te finen.

Nei ûndersyk yn de keninklike biblioteek sette Pinkeltsje en Pinkelotsje yn de pinkelstrieler ôf nei de Skierstins yn Feanwâlden. Dêr begjinne se te sykjen nei nije oanwizingen dy’t se by prins Pinkelhert bringt. Tekeningen yn de Skierstins bringe har nei de haadstêd Ljouwert, dêr’t se ek op it spoar komme fan prins Pinkelhert, dy’t se úteinlik yn Snits fine.

No’t prins Pinkelhert derby is, binne de pinkels allinnich mar nijsgjirriger nei de Fryske pinkelfibula, in âlde Fryske mantelspjelde. Op syk nei de mantelspjelde reizgje se fierder troch Fryslân. Stapke foar stapke komme se hieltyd tichterby, dochs?

It ferhaal fan de pinkels sit fol mei moaie ‘wendingen’ en lit de skiednis fan Fryslân op in begryplike wize oan ús sjen. Geandewei komme ek oare saken dêr’t Fryslân ferneamd om is foarby, alles is op in moaie manier yn it ferhaal meinaam.

Al mei al in hiel leuk boek om foar te lêzen en echt in boek dêr’t je jierren mei foarút kinne!

 

Tietsje Vonk – Readtsjerk
Mem fan Nynke (5) en Joute (2)

 

It boek ‘Pinkeltsje yn Fryslân’ is foar € 13,99 hjir online te bestellen.

-> Tietsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.