heit&mem

Lêstip fan Keimpe: A is fan Aapke

Dieuwke van der Meer 5 april 2023

 

It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch syn dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich (Frysk – Nederlânsk) en geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It is in saneamd omkearboekje mei oan de iene kant de Fryske teksten en fan de oare kant ôf de Nederlânske. 

A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.

A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

‘A is fan aapke / A is een aapje ‘ is hjir foar €14,95 online te bestellen.

 

Poster

By it boekje is ek in leuke Fryske biste-alfabetposter beskikber. De A is fan Aapke, de K fan de kweakjende kikkert en de S fan de stadige skyldpod. In moaie manier om dyn bern alle bisten en letters fan it alfabet te learen. Leuk foar yn de bernekeamer!

Formaat: A2 (breedte: 42,0 cm x hichte 59,4 cm)
Papier: Houtfrij satinearre mc (glânzjend) – 250 grams

De poster wurdt levere sûnder list en ferstjoerd yn in stevige koker.

De poster is hjir te bestellen.

   

Thea de Boer:
“En as je dan tinke: no is ’t boekje út, komt der noch in ferrassing: it alfabet stiet oan beide kanten fan it boekje. Benthe (5) hat al gau yn ’e gaten dat der noch in oare kant fan it boekje is. Se lêst de letters foar, en dan kinne je it boekje omdraaie. Dêr binne de ferhaaltsjes yn ’t Nederlânsk te lêzen. De printen binne itselde, mar de rymkes net. Dat makket it boekje ek foar âldere bern ynteressant om te lêzen. Benthe wol graach sjen oft der ek ferskil yn sit. Sawol yn skriuwwize as útspraak. Dat makket it foar har wer een hiel oar boekje.” 

Lês de folsleine resinsje fan Thea hjir.

Klaske Faassen-Buma:

“Foar kleuters en bern dy’t krekt lêze, is it boekje hiel geskikt. Se leare de letters en kinne sels wurden út de rymkes foarlêze. Drege letters lykas de Q binne op in grappige wize útlein.
It leuke is dat as je it Fryske alfabet hân ha, dat je dan it boekje omdraaie kinne en dan de Hollânske ferzje dwaan kinne. Deselde plaatsjes, mar dan in oar rymke.

Sybren hat nei it Fryske alfabet noch net syn nocht, dus de Hollânske ferzje moat ek altyd noch lêzen wurde. In oanrieder!”

Lês hjir de folsleine resinsje fan Klaske.

   

Ynsjochfilmke!

 

–> Dizze plaat hat earder yn de heit&mem stien. Kinst ‘m downloade en útprintsje op A4.
–> Mei dizze leuke dochplaat kinst mei dyn bern sjen, sjonge, lêze, prate en puzzelje oer bisten! 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.