heit&mem

De resinsje fan Marrit: Molly, Aukje en Jelmer

x 23 maart 2023

Doe’t ik it boek ‘Molly, Aukje & Jelmer’ seach, foel my daliks de leave foarkant fan it boek op, mei in prachtige print fan de trije bistefreonen: Molly de hazze, Aukje de ûle en Jelmer de foks, dêr’t it boek oer giet. Dêrneist binne de blomkes en de namme fan de skriuwster mei rôze foly drukt, wêrtroch’t it boek ekstra opfalt en yn ’e smaak falt. Ik fyn it dan ek in geskikt boek om oan in lytse poppe of pjut kado te jaan!

It ferhaal spilet him ôf by de ikebeam efter yn ‘e tún. Molly wol graach ferstopperke boartsje mei har freonen, mar dy ha dat noch noait dien en witte dus noch net sa goed hoe’t dat spultsje moat. As Molly foar de earste kear fan 5 oant 1 teld hat, steane de oare bisten noch gewoan op harren plak, mei de hannen foar de eagen. As Molly útlein hat dat dat net de bedoeling fan it spultsje is, telt sy nochris. De ûle en de hazze ha harren no efter de ikebeam ferstoppe, mar dat fynt Molly fierste maklik en se seit dat sy harren better ferstopje moatte. Wannear’t Molly wer teld hat, ha de bisten harren sa goed ferstoppe dat Molly se net mear fine kin. Se sjocht oeral, mar fynt gjin spoar fan har freonen. Soenen sy ferdwaald wêze…

Stikem moast ik wol in bytsje laitsje wylst ik oan it foarlêzen wie, want it is sa werkenber wat der allegear bart.

Stikem moast ik wol in bytsje laitsje wylst ik oan it foarlêzen wie, want it is sa werkenber wat der allegear bart. Us bern fine it ek prachtich om ferstopperke te boartsjen. Dochs kin ferstopperke boartsje yn it begjin best lestich wêze…

Sa sprongen sy altyd gelyk tefoarskyn wannear’t wy klear wienen mei tellen. Djurre, ús jongste, tinkt – bygelyks wannear’t er wat stouts dien hat − krekt as de ûle en de foks dat wy him net sjogge wannear’t er syn hannen foar de eagen docht. Hidde, ús âldste, krijt it spultsje hieltyd better troch, mar ferstoppe him yn it begjin ek op maklike plakjes, en dan it leafst fiif kear eftermekoar op datselde plakje.

De jonges fûnen it dan ek in prachtich boek en telden elke kear fan 5 oant 1 mei. Wy meie it boek no al foar de sechsde kear op rige foarlêze en fine dat stikem hielendal net slim, want it ferhaal en de moaie printen ferfele net!

Marrit Jongbloed


It boek ‘Molly, Aukje en Jelmer’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!