heit&mem

De resinsje fan Irene: Molly, Aukje en Jelmer

x 19 maart 2023

Wat in ferrassing wie it foar Seppe (4) dat der út it brievebuspakketsje in kadootsje kaam. Yn in omsjoch wie it fleurige pakpapier der ôf en hie Seppe it prachtige printeboek Molly, Aukje en Jelmer yn ’e hannen. Ik wie oan it wurk, dat de earste reaksje fan Seppe haw ik mist. Mar fan heit hearde ik letter dat Seppe foaral de printen moai fûn. De foarkant, mei de trije bistkes en glinsterjende details, moast goed besjoen wurde foardat heit it boek begjinne koe foar te lêzen.

Molly de hazze wol graach ferstopperke dwaan; dat is har favorite spultsje. Aukje de ûle en Jelmer de foks dogge graach mei, mar fine it net maklik om harren te ferstopjen. “Jim moatte it spultsje wol goed dwaan”, seit Molly string. “Gean fuort en ferstopje jim echt.” En dat dogge Aukje en Jelmer. Se ferstopje harren in bytsje te goed! Wêr kinne se dochs wêze?

Molly, Aukje & Jelmer is in prachtich foarlêsboek foar bern fan 3-5 jier. It is skreaun en yllustrearre troch Catherine Rayner, de Award-winnende auteur en yllustrator dy’t ek boeken fan bekende auteurs lykas Julia Donaldson en Michael Morpurgo yllustrearre hat.

It binne dan ek de prachtige yllustraasjes dy’t dit boek sa moai meitsje. Catherine Rayner hat ferskillende techniken kombineare. Ik sjoch akwareltekeningen mei aksinten fan potlead en inkt. Op elke side binne lytse details te finen: yn de tún krûpe slakken troch it gers en der fleane bijen, flinters en libellen troch de loft. De hazze, foks en ûle hawwe skattige kopkes dêr’tst sûnder de tekst te lêzen de emoasjes al oan sjen kinst: eigenwiis, geduldich, boas, ferskrikt. It kontrast tusken de pasteltinten, heldere kleuren en hjir en dêr swarte streken soarget derfoar dat de printen net te swiet wurde.

En as ik de sliepkeamersdoar achter my tichtlûk, mei it ljocht noch hiel even oanbliuwe. Om dy moaie platen noch ien kear te besjen.

Hermien van der Meer hat it Ingelsktalige boek Molly, Olive and Dexter oersetten yn tagonklik Frysk. De sinnen rinne lekker, wêrtroch’t it maklik foar te lêzen is. Foar ús fjouwerjierrige Seppe, dy’t al hiel wat boeken ferslynd hat, is it ferhaal hast te ienfâldich. Mar dat makket dat dit in ideaal boek is om foar it sliepen gean foar te lêzen. Net te lestich, de yllustraasjes binne rêstjaand en ‘Ein goed, al goed’ wurket fansels ek goed foar it sliepen gean. En as ik de sliepkeamersdoar achter my tichtlûk, mei it ljocht noch hiel even oanbliuwe. Om dy moaie platen noch ien kear te besjen.

Irene Klompmaker – mem fan Seppe (4) en Arne (1).


It boek ‘Molly, Aukje en Jelmer’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 
  
O

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.