heit&mem

Resinsje fan Pytrik: De earlike finer

x 14 maart 2023

As frou fan tritich wie it lêzen fan dit boek hiel bysûnder. It spilet him ôf yn de jierren 90, de tiid dat ik in jong famke wie. De tiid fan de fette flippo’s út de sjips. De tiid fan flechtlingen út de omjouwing fan Joegoslavië. Ek wy hiene yn it doarp flechtlingegesinnen. Nea haw ik der as skoalfamke oer neitocht hoe’t har libben wie. In libben fan flechtsjen, ûnwissichheid en in nije taal. No’t ik dit ferhaal lêzen haw, tink ik oars oer dy etnyske groep. It boek set je sowieso oan it tinken. It is in ferskaat oan pronkjes fan sinnen en metafoaren. Dat komt mei trochdat it boek fanút it bern ferteld wurdt. Je lêze oer syn tûkelteammen en gedachten, somtiden oer rauwe, pynlike saken, sjoen fanút in bern.

In ferhaal dat fragen opropt en je ynsjen lit hoe wrang it libben as flechtling wêze kin. In ferhaal dat him ôfspilet yn de jierren 90, mar sa aktueel as wat is. In ferhaal dêr’t je oer neiprate wolle, om ta in breder besef te kommen.

 

Pytrik Kooistra-de Groot

 

Dit boek krigest yn de boekewike fergees by oankeap fan 15 euro of mear oan boeken!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.