heit&mem

It werheljen fan wurden fergruttet de wurdskat

It werheljen fan wurden soarget derfoar dat babys bettere taalfeardigheden ûntwikkelje as se âlder wurde, neffens in ûndersyk fan Harvard en Maryland.

Ciska Noordmans 21 september 2015

Bern fan 7 moanne, dy’t noch net prate, binne twa jier folge. Alders dy’t faak wurden werhelje, fergrutsje dermei de wurdskat fan har bern, sa blykt út it ûndersyk.
Oardel jier letter hawwe dizze bern de taal better ûnder de knibbel. ‘Der binne al in protte ûndersiken west, dy’t oantoane dat prate mei babys belangryk is, mar hóe ast mei bern praatst, is krekt sa belangryk’, sizze de wittenskippers.  

Bron: Journal of Child Language.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.