heit&mem

Fotokollaazje: ús hut!

Dieuwke van der Meer 2 april 2023

Yn de simmer ferskynt der wer in nije heit&mem. Dêr wolle wy graach moaie foto’s fan de hutten fan jim bern yn hawwe! Dit kin om in beamhut gean, in hutte efter yn de tún, of miskien yn de bosk? Mar ek hutten gewoan lekker thús ûnder de keukentafel binne fan herte wolkom!

Hasto in moaie foto? Upload him hjirûnder en wa wit sjochst dyn foto werom yn it blêd! (wy ha spitigernôch mar plak foar 16 foto’s)

Hast noch in stikje tekst datst graach yn de rubryk ‘Heit & Mem-post’ kwyt wolst? In groet of bedankje of miskien iets oars datst kwyt wolst? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl

Ek bernepraatsjes binne fan herte wolkom!

-> At it uploaden fan de foto net slagget, dan meist de foto ek maile nei ynfo@heitenmem.nl

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.