heit&mem

De resinsje fan Marrit: De letterfretter

x 16 februari 2023

Letterfretter, sa neamde ús mem my froeger al. Al fanôf hiel jong siet ik graach en folle mei myn noas yn ’e boeken. Letterfretter, sa neame wy no ús trije famkes fan 12, 8 en 6 jier âld, ek sy lêze graach en folle (en soms sels jûns stikem yn bêd!)

Letterfretter, sa hjit it boek dat ik resinsearje mei dizze kear: it giet oer in fleurige, bliere draak dy’t stomme graach letters en klanken fret: Fryske letters en klanken! Krekt wat!

Us âldste hat Fryske les op de Havo, en ik praat thús Frysk tsjin har en har suskes, mar sy prate alle trije Nederlânsk (of soms Ingelsk) werom. Frysk lêze fynt sy best lestich, en dat is it ek! Al dy ferskate oare klanken as yn it Nederlânsk, dûbele letters en foaral al dy rare aksinten op de letters, wannear moatst no hokker aksint brûke? En hoe sprekst it dan goed út?

Us middelste sit yn groep 5, en mei de foarlêsdagen koartlyn mochten wy as âlders yn ’e klasse komme om foar te lêzen, ik woe dat graach yn ’t Frysk dwaan. ‘Hero’ foel de keus op. In grut part fan ’e bern hie der neat fan ferstien, hearde ik nei de tiid. Dat die my wol wat.

De jongste sit yn groep 3, ek by har lies ik yn it Frysk foar: út ‘Mem, wat ite wy hjoed?’ Yn dy groep sieten al mear bern dy’t it Frysk ferstienen, en de fraach elke kear mei wille stelden.

Dit boek oer de Letterfretter stiet fol rymkes dy’t de ferskate klanken goed dúdlik meitsje, en dy’t ek soargje foar in brede grijns by de lêzer of foarlêzer. Myn tonge siet sa no en dan aardich yn ’e knoop, kin ik wol sizze! Ik stroffele ek moai oer ‘Bijke brijket’, ek dizze mem hat muoite mei de moaie rûne rrrrrrrrr, en hat him efter yn ’e kiel. Kgekt wat dus!

Ik fyn it in oanrieder foar elke heit en mem, pake en beppe of omke en muoike. Meielkoar lêze, lústerje en foaral genietsje fan al it moais dat mei ús prachtige taal skreaun wurde kin.

Koart sein? De famkes fine de gedichtsjes op dit stuit mar frjemd, en laitsje mem wat súntsjes ta as sy it boek derby pakt en lûd laitsjend wer in pear foarlêst. En dizze mem? Dy hâldt fol, bliuwt Frysk praten, lêzen en foarlêzen. Lûdop laitsjend en wol.

Marrit, mem fan Anna, Emma en Louise


‘De letterfretter!’ is foar € 18,99 hjir online te bestellen.

-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!