heit&mem

De resinsje fan Rozemarijn: Wat in rommel!

Dieuwke van der Meer 15 februari 2023

Us piken fertsjinje mear! 

Wy wolle natuerlik it bêste foar ús bern. Sa ek de eksters yn it printeboek Wat in rommel! fan Emily Gravett, foar bern fan 2 oant 6 jier. Sy bouwe in nêst yn in hege beam. Mar as de fjouwer lytse blauwe aaien deryn lizze, is it de eksters noch net nei it sin. Sy sykje nei moaie spullen foar de takomstige piken en komme werom mei lytsguod, lykas koekoeksklokken en in slinger mei knipers en sokjes deroan. “It koe minder”, seit it âlderpear. “Mar ús piken fertsjinje mear.” 

Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw!

It spul dat de eksters ophelje, wurdt hoe langer hoe grutter. Sa fiskje sy in bernewein út de feart, stelle foar alle pykjes in fyts en as lêste fljocht der in auto troch de loft! Mar dat wie krekt wat tefolle. De beam brekt en al it guod komt op ’e grûn del. En de aaien reitsje kwyt. De bisten út it bosk, dy’t alles besjoen ha, helpe om de spullen fuort te heljen. Lokkich ferskine der fjouwer perfekte piken ûnderoan de berch! 

It is natuerlik in ferhaal mei in dúdlike moraal, mar de skriuwster bringt it mei safolle humor dat dat hielendal net slim is. It begjint al asto it boek iepenst. De binnenkant fan it boek bestiet út advertinsjes foar allegear spul dat fansels ûnmisber is. Dy folders sjochst ek yn it nêst fan de eksters werom. Lykas de eksters binne minsken net gau tefreden. Mar stiet ús hûs net krekt as it nêst te fol? En hawwe de bern wol safolle nedich? Boppedat kinne dingen ek opnij brûkt wurde. De spullen dy’t út de beam falle, krije ek in nije bestimming. Sa wurde de sokjes de sliepsekken fan de mûskes en de bernewein in race-auto foar de iikhoarntsjes. En de das soarget derfoar dat al it ôffal wer netsjes opromme wurdt. 

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw! It ferhaal is oerset út it Ingelsk, mar sa goed dat it krekt liket oft it in orizjineel Frysk ferhaal is. De rymjende sinnen rinne prachtich. Troch de skitterjende kleurrike yllustraasjes wurdst meinaam yn de absurditeit fan it ferhaal. Us bern fine it sa grappich! Bygelyks dat it iikhoarntsje oan de fyts meifljocht troch de loft. Ik mocht it boek wol trije kear efterinoar foarlêze. 

Rozemarijn Strubbe (Wommels),
Mem fan Benn (6) en Casper (3) 


‘Wat is rommel!’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.