Foarlêsmoarn mei pake en beppe (Wat in rommel!)
Dieuwke van der Meer 16 februari 2023
Hoera! Sneon 25 febrewaris is der wer in foarlêsmoarn yn de Afûkwinkel! Ditkear wurdt der út it nije printeboek ‘Wat in rommel!’ foarlêzen. It ferhaal is bedoeld foar bern fan 4 oant en mei 6 jier. En yn it ramt fan ‘Help Pake en Beppe de vakantie door’, binne alle pakes en beppes ek fan herte wolkom!
Datum: sneon 25 febrewaris 2023
Tiid: 11:00 oant 12:00 oere
Lokaasje: Afûkwinkel, Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert
Wat?: Foarlêze út it boek ‘Wat in rommel‘ en nifelje mei ôffalmateriaal
Leeftiid: 4 – 6 jier en pakes en beppes
Kosten: Fergees én elkenien kriget in goodybag mei nei hûs!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: