heit&mem

De resinsje fan Corrie: It neidiel fan ‘e twivel

x 26 januari 2023

Oantrune troch syn learaar, menear Veenstra, giet de 17-jierrige Bas nei Italië foar in útwikselingsprogramma. Tegearre mei de ferwende Vera sil er trije moanne by de famylje Materazzi wenje. Hy hat it bêst nei syn sin. En dan moetet er Julia, in prachtich famke mei in mysterieus ferline. Sy is de leafde fan syn libben, dêr is er wis fan. Krekt as se har freeslike geheim oan him ferteld hat, moat er troch it coronafirus ûnferwachts nei Nederlân werom. Dan krijt er har appke: ‘Dit is de ein. Ik hâld fan dy.’ Bas is der glêd mei oan. Hy moat har rêde, mar hoe? Dan blykt Vera dochs net sa min te wêzen en helpt him út ’e brân. Mar oft dat no de sleutel nei sukses is…?

It ferhaal wurdt ferteld fanút it eachpunt fan de ienselvige Bas. As 17-jierrige jonge komt der in soad op him ôf: fereale wurde, omtinken foar syn mem en suske en de dryste aksje dy’t er docht. Libbest al gau bot mei him mei en fielst de spanning as it oankomt op it nimmen fan beslissingen. It boek springt hinne en wer tusken de tiid dat syn heit noch libbe en it no yn Italië. Soms wurdst dêrtroch op it ferkearde spoar setten om’t der gjin sichtbere skieding tusken beide teksten sit.  

It boek lêst lekker wei. Troch it flotte taalgebrûk en de trochgeande aksje kinst de oandacht der goed byhâlde. Ik moast gauris gnize om de humor yn it boek. Oer it hamsterjen fan húskepapier oant de Fryske nochterheid fan Bas. Dat hâldt it soms drege libben fan Bas toch luchtich om te lêzen. De ein fan it boek is oars as datst ferwachtest en jout romte foar diskusje.

Corrie Kamminga

Tekstskriuwer en mem fan trije pubers

Warns


It neidiel fan ‘e twivel is foar € 16,95 hjir online te bestellen.

-> Corrie is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.


 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.