heit&mem

Kollum: Snein (troch Sjoukje de Boer)

Kollum: Snein (troch Sjoukje de Boer)

x 23 december 2022

It is snein. It reint en de gerdinen binne ticht. Dat fyn ik knus.
De muzyk stiet op en de oven stiet oan.
It lûd fan de duplotrein oerstimt de oare lûden sa no en dan.
De kearskes brâne op de tafel. De ljochtsjes binne oan. Teije dartelt om my hinne yn syn pyama. Ik hâld fan dizze dagen.

Yn it ferline hie ik in hekel oan de snein. Ik fûn de dei te lang, te saai, te swier. Ik wie faak fan hûs. Socht it foaral net by mysels.
En no, ik kin de doar net mear samar achter my tichtlûke, by mysels wei. Op syk nei wat oars.
Yn appgroepkes fan freondinnen komme sa no en dan filmkes foarby. Filmkes fan festivals dêr’t ik oars ek hinne soe. Sa as justerjûn. Yn bêd drukte ik op it trijehoekje.
In glimp fan hoe’t myn libben oars west hie spile him ôf. Dûnsjende fammen, de jûn moast noch begjinne. Healwei alven, seach ik boppe yn it skerm. Ik sloech de tekkens fan my ôf. Noch even by myn jonge sjen. Op knibbels siet ik nêst syn bêd. Ik lei myn holle tsjin dy fan him. Syn waarme azem tsjin myn wang. It aapke tusken ús yn. Yn de fierte hearde ik in trein, miskien wol dy nei Grins. Yn in oar libben hie ik dy trein miskien wol pakt.
Wer werom yn bêd, ûnder myn eigen tekkens, stjoerde ik in hartsje yn de app en knipte ik it ljochtsje út.
‘Motherhood comes with a price’.

De kôkwekker giet. De broadsjes binne klear.
Teije sit mei syn keyboard op de bank.
Hy sjongt in eigenmakke ferske en drukt sa no en dan op in toets.
De tekst is repetearjend, mar ik kin der gjin genôch fan krije.
‘Hé lieve memmie, hé lieve memmie’.
De kat krûpt by my op skoat. Hy spint en jout kopkes. Myn gesin, myn thús. Wat bin ik hjir graach.
Frazey Ford klinkt troch de speakers,

‘You gotta life that money can’t buy’
En sa is it.

Skriuwer: Sjoukje de Boer
Foto: Hippekiek Fotografie
Ut: heit&mem nr.2 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!