heit&mem

Kollum: Streepkes

Kollum: Streepkes

x 23 december 2022

Konsekwint wêze. Ien fan de grutste problemen dêr’t âlders al iuwen tsjinoan rinne yn de opfieding fan harren bern. Sizze wat jo dogge en dwaan wat jo sizze, dat is foar in hiel soad minsken in grutte opjefte. Bern hawwe lykwols in protte ferlet fan dúdlike regels en straffen dy’t hearre by in oertrêding dêrfan.

Wat dat konsekwint wêzen oanbelanget, ha ik in grut foardiel fan myn eftergrûn yn it ûnderwiis. Fan myn 18e oant myn 22e ha ik learaar Nederlânsk west oan Het Drachtster Lyceum. Doe kaam it telefyzjeprojekt Big Brother op myn paad. Dêrnei stie ik foar de klas yn Meppel oan skoallemienskip Stad & Esch. Hielendal by de ‘vmbo basisberoepsgerichte leerweg’ wie it wichtich om dúdlik oan te jaan wat de grinzen binne. Te let komme betsjutte altyd in strafopstel skriuwe oer in ûnderwerp dat iksels opjoech. Net soms, net miskien, net eventueel, mar altyd deselde konsekwinsje. Boek of skrift net mei? In opstel skriuwe en de folgjende les ynleverje. Húswurk net dien? Opstel. Net soms, net miskien, net eventueel. Altyd.

Sa wurket it thús fansels ek. As jo net konsekwint wêze kinne, meitsje bern der al gau in potsje fan. Foar hast alle oertrêdings fan ús regels hawwe wy foar Simm (8) en Tomm (6) in administraasjesysteem betocht. Mei in lyts bytsje help fan IKEA, want ús Besta-kast blykt him perfekt te lienen as kanvas foar in krytboerd. In grutte mûle tsjin heit en mem of skelle en flokke? In strafstreepke achter dyn namme op it doarke fan de kast. By trije strafstreepkes: freeds gjin freontsje mei te boartsjen. Jûns nei de lekker-sliepe-tút noch roppe om neat of wer út bêd komme om in wissewasje? Of moarns foardat de pinguin grien ljocht jout, by ús oan it bêd stean? In sliepskermke achter dyn namme. By trije sliepskermkes oan ’e ein fan de wike: it hiele wykein gjin skerm. Dus gjin iPad, gjin telefyzje en gjin Nintendo Switch. Gûle om neat jout in huilebalkje fan kryt op de doar. Trije huilebalkjes: moarn gjin snoepke. Dat wurket. Alteast, by ús.

No hawwe de jonges én Bitoen ek wol wat op heit oan te merken. Sels fyn ik fansels fan net, mar myn sketen skine nochal te stjonken. Doe’t ik fan ’e wike in bêste gaswolk yn de auto ûntsnappe liet, hie Simm yn de keuken in konsekwinsje betocht. ‘Sgeetstreepjes’, stie der mei kryt op in kastdoarke. Mei fuort ien streepke efter myn namme. Op myn fraach wat der barre soe by trije fan dy skeetstreepkes? Dat moast ik mar oan mamma freegje. Ik wit it ûnderwilens, de bern net fansels. It hat wat te krijen mei bepaalde aktiviteiten yn ’e sliepkeamer. Mar hiel folle pikanter woe ik dizze kollum net meitsje.

YouTube: Andries Jelle de Jong

Instagram: @andriesjelledejong

 

Skriuwer: Andries Jelle de Jong
Ut: heit&mem nr.2 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.