heit&mem

Bliid nijs út Bulgarije

Bliid nijs út Bulgarije

Froukje Sijtsma 14 december 2022

By adopsje tinke je faak oan fiere lannen, mar Jan en Annet Hovinga út Noardburgum sochten it wat tichter by hûs. Yn 2014 waarden se heit en mem fan Alex (12) út Bulgarije.

‘Doe’t dúdlik waard dat wy sels net bern krije koenen, ha wy ús oanmeld foar in adopsjeberntsje út Nederlân’, fertelt Annet. ‘Mar doe’t Jan 40 jier waard, kamen wy dêr net mear foar yn oanmerking.’ It stel socht dêrom fierder. ‘Wy hâlde beide net fan fiere reizen en dêrom oriïntearren wy ús op Europa. Sa kamen wy op Bulgarije út.’

Nei de adopsjekursus en it ynfoljen fan alle papieren stienen de Hovinga’s sa’n fjouwer jier op de wachtlist. ‘Wy wienen hielendal út ’e skroeven doe’t wy Alex as berntsje foarsteld krigen.’ Alex siet yn in wenromte fan in adopsjebemiddelingsburo, om’t syn allinnichsteande mem net foar him soargje koe. ‘Hy sjocht ús as syn heit en mem, ek al wit er dat er út Bulgarije komt. Wy witte trouwens wa’t syn mem is, mar wy hawwe gjin kontakt mei har om’t sy sels út byld ferdwûn is.’

Alex wie fjouwer jier doe’t er nei Nederlân kaam. It waard de Hovinga’s oanret om him in jier lang thús te hâlden om goed te hechtsjen. ‘Mar dat fûnen wy te lang, want wy seagen dat Alex der ferlet fan hie om te boartsjen mei oare bern.’ En dus mocht er nei groep 1. ‘Alex is in hiele soarchsume en leave jonge. Thús giet it hiel goed, mar op skoalle fynt er it wolris lestich mei oare bern. Ek hat er te krijen mei konsintraasjeproblemen. Wy hearre in soad âlden mei adopsjebern út Bulgarije dêroer.’

Dat is ek de reden dat Alex in ekstra jier yn de beukerklasse sitten hat. Fia in ortopedagooch waard regele dat Alex in dei yn ’e wike ien-op-ien-begelieding krijt. ‘Dat giet hartstikke goed en dy master bliuwt takom jier ek yn byld as Alex nei de middelbere skoalle giet.’

Yn it jier dat Alex nei Fryslân kaam, wienen der noch 27 oare bern dy’t út Bulgarije wei nei Nederlân adoptearre waarden. ‘Mei de measte minsken ha wy kontakt en ienris yn it jier besykje wy inoar te treffen. Ek it bernetehûs yn Bulgarije jouwe wy sa no en dan in update hoe’t it mei him giet. Dat fine sy och sa prachtich. Sa hat Alex dochs in soarte fan Bulgaarske famylje. Letter wolle wy graach wer mei him nei it lân ta.’

 

Skriuwer: Froukje Sijtsma
Ut: heit&mem nr.2 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.