heit&mem

‘Myn bern wol net ite, wat moat ik no?’

As wy jûns binnen sjen koenen by alle húshâldingen yn Fryslân, dan seagen wy grif oan in oantal itenstafels in net sa gesellich tafriel. Bern en iten, wat kin it soms dreech wêze! Sjochsto der ek tsjinoan, jûn wer striid oan tafel? Dan hast miskien wat oan ’e tips fan Hilly Posthumus, sy is orthomoleculair (kinder)voedingscoach.

Dieuwke van der Meer 9 december 2022

Har earste tip – en fuort de belangrykste: ‘Meitsje der gjin ding fan. Lit it los. In sûn bern hongert himsels echt net út.’ Hilly wennet mei har húshâlding yn Berltsum. Sy hat twa bern, in famke fan acht jier en in jonkje fan trije jier. ‘Us jongste iet altyd alles, mar hy is no mei it jûnsiten ek wat sinnich. Ik meitsje my dêr net drok om. Ik wit dat hy oerdeis syn boustoffen wol krijt.’
In soad jonge bern binne jûns eins te wurch om te iten. ‘Se ha de put derút. Ast dan as âlder begjinst oan te trunen: de panne moat leech én even opsjitte, slagget it hielendal net’, wit Hilly. ‘Sjoch ek ris goed: hoe giet it der jûns om ta, by jim oan tafel? Ha jim eins wat te min tiid om iten te sieden en moat it iten sels “hurd, hurd”, omdat der jûns noch fan alles barre moat? Bern binne dêr hiel gefoelich foar.’

Oerbrein
Boppedat: bern tinke noch mei harren oerbrein. ‘Iten mei felle kleurkes, sa as sommige grienten, binne neffens dat oerbrein gefaarlik. Dyn bern krijt fanút syn ynstinkt in seintsje: net opite, kinst siik fan wurde. It is oan ús om bern sjen te litten dat dy griente wol feilich is, en lekker en sûn. Asto sels faak genôch it goeie foarbyld joust, leart dyn bern dat wol. Mar der druk opsette helpt net.’ Watst ek net dwaan moatst: dan mar in stik bôle deryn, of in toetje… ‘Dan tinkt dyn bern: lit dat iten mar sitte, ik krij wol wat oars!’

Op in oar momint
Wat moatst wól dwaan? ‘Do joust it goeie foarbyld, dat stiet foarop. Lit dyn bern sjen datsto troch de dei hinne ek allegear lekkere, sûne dingen ytst. En: griente heart net perfoarst by it jûnsiten. Bied dy op ferskate mominten oan. By de fruithap bygelyks, of by it middeisiten. Dan ha bern noch genôch enerzjy om nij iten te ûndersykjen en echt te priuwen.’

Sels kieze, sels opskeppe
Wat ek helpt: dyn bern in kar jaan. ‘Wêr’tsto de iene dei nocht oan hast, stiet dy de oare dei tsjin. Dat is by bern ek sa. As dyn bern kieze mei, joust him in stikje eigenwearde.’ En noch wat: it hoecht net op. ‘De panne hoecht net leech. Lit dyn bern sels mar opskeppe, ek al is it mar ien leppel. As dy opgiet, kin er noch in kear pakke. Bart dat net? Moai litte, dan hat er echt gjin nocht mear. In sûn bern hongert himsels net út. Dêr meie wy as âlders wol wat mear fertrouwen yn hawwe.’
Sjoch goed nei dyn bern, seit Hilly derby. ‘As in pjut net mear hoecht, draait er syn holle fuort of skoot er de panne mei iten fan him ôf. Dat binne dúdlike sinjalen. Asto dochs trochdrukst mei de leppel, seist eins tsjin dyn bern: ik leau dy net.’

Belutsen by it iten
In posityf gefoel by iten kinst kreëarje troch dyn bern te belûken by it tarieden derfan. ‘Do kinst dyn bern bygelyks meinimme yn dyn planning foar de wike: wannear ite we wat? En do kinst fansels wol wat help brûke by it itensieden! Doch dat op in frije dei, of yn ’t wykein, nim dêr even de tiid foar.’ Der binne dus allegear opsjes om bern te belûken by it iten, sadat it ‘eigen’ wurdt. ‘Moatst der even yn ynvestearje.’
En: úteinlik komt it wol goed mei dat iten. ‘Tusken twa en seis jier binne bern faak lestiger mei iten. Hâld de moed deryn, bied op oare mominten grienten en oare nije dingen oan en lit it wat los. Bliuwt it echt lestich en hast it gefoel dat it net goed komt? Dan help ik graach!’
Hilly is ek te finen op Instagram: kindervoedingscoach_hilly

 

Skriuwer: Tine van Knijff
Ut: heit&mem nr.2 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.