Help, ik ha bern!
Maaike: ‘Myn jongste wie ek hiel plakkerich. Dat hat, op de wize wêrop’t it hjir beskreaun wurdt, oant 2 jier duorre, gok ik. Dêrnei waard it better. Se wol no (4 jier) ek sels ûnder bliuwe en as har sus derby is giet dat sowieso wol goed. As se allinnich is, slagget it heechút tsien minuten. Se groeie der fansels oerhinne tink ik, al snap ik hiel goed dat it fermoeiend is.’
Anneke: ‘As pjuttejuf tinke we der altyd om dat it berntsje heit of mem fuortgean sjocht; stikem fuortgean kin it bern just ûnwis meitsje, datst dan aanst miskien wer samar fuort bist. Dêrnei biede we treast en ôflieding en pakke in knuffeltsje út de tas. Wannear’t berntsjes dan rêstich binne, probearje we it út te wreidzjen; even in puzeltsje of kleurje. Earst tegearre en dan stadich hieltyd mear sels. Se wenne úteinlik oan de rûtine en dan giet it hieltyd better.’
Joukje: ‘Ek al kin it berntsje noch lang net prate, altyd sizze wêr’tst hinne giest en datst wer weromkomst! Ek yn dyn eigen hûs.’
Jacoba: ‘Ik snap dy, mar genietsje derfan. Skielk wol hy net meer plakke.’
Kim: ‘Twee van mijn dochters hebben dit. De ene is nu zes en niet meer zo plakkerig, de jongste is nu net twee en ik kan geen stap zetten zonder dat zij er ook is. Ook moet ik alles doen, anders wil ze het niet, denk aan drinken pakken, dekentje over, haar kleding en schoenen aandoen, naar bed brengen enz. Alleen ik mag dat doen in haar ogen. Soms enorm vermoeiend, met nog vijf kinderen boven haar, maar ik weet ook dat het tijdelijk is en je het dan gaat missen.’

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: