heit&mem

Fuort mei de sobber!

x 6 december 2022

Ik stean op ’t skoalplein te praten mei ien fan de memmen. Har dochterke Aafke fan hast fjouwer jier hat in sobber yn ’e mûle.

‘Do bist dochs logopedist?’ freget mem. ‘Kinst ek wat tips jaan? Oare minsken fersteane ús Aafke hast net en se slist ek.’

Ik lit my yn ’e hoksen sakje en bewûnderje Aafke har koeser. ‘Wat in muoie koeser hasto. Hat dy ek in namme?’ freegje ik.

‘Asssse’, slist Aafke. De flibe rint har oer it kin. ‘Y iss eaf’, fertelt se.

Ik knik. ‘Ik kin dy net hielendal ferstean Aafke. Kinsto de sobber ek efkes út de mûle helje en it nochris fertelle? Ik wol sa graach witte wat der mei hazze is’, sis ik.

Aafke dûkt wei efter mem. Ik kom oerein. ‘It liket my ferstannich om de sobber ôf te bouwen’, sis ik. Mem sjocht my skrokken oan. ‘Ik wit dat it net goed is’, seit se. ‘Mar Aafke kin der wier net sûnder.’

Ik knik. ‘Har mûlspieren wurde slop. Dêrom flybket se en kin se minder dúdlik prate. Dêrtroch kinne oaren har minder goed ferstean. As se ynkoarten nei skoalle giet, hat dat ynfloed op bygelyks it boartsjen mei oare bern. Dêrneist kinne tosken skeef groeie en feroaret de foarm fan de mûle (ferwulft). Ek kin se ferkeard begjinne te slokken.’

Mem sjocht my wer skrokken oan. ‘Dat wist ik net. Hie ik har dan better leare kinnen om op har tomme te sobjen?’ 

Ik skodzje myn holle. ‘Nee, tomkjen en op de fingers sobjen soarget foar deselde problemen, allinne kinst de sobber makliker weinimme’, lis ik út.

‘It is ek wier net frjemd dat heiten en memmen begjinne mei in sobber’, besykje ik har del te bêdzjen. ‘Babys hawwe dat ferlet no ienkear. It jout in gefoel fan feiligens. De keunst is om der op tiid mei te stopjen. Mar ik begryp datsto dêr tsjinoan sjochst. Wier, it stopjen mei de sobber liket no hiel dreech, mar meastal falt it ta’, fertel ik har. ‘Al hasto miskien de earste nacht en miskien wol de earste wike wat koartere nachten. Mem sjocht my betinklik oan en knikt.

‘Ik haw wol in pear tips. Ik app se dy daliks efkes*’, sis ik. ‘Ek ried ik dy oan om in ôfspraak te meitsjen mei in logopedist. Dy kin mei alles helpe. It komt allegearre goed.’

 

In pear wike letter tref ik de mem fan Aafke wer op ’t plein. ‘Do hiest hielendal gelyk’, ropt se noch foardat se by my is. ‘It foel tige ta. Ik haw dyn tips daliks opfolge. In beleanningssysteem en oerdei net mear de sobber’, seit mem. ‘Ofrûne freed hawwe we alle sobbers op de bus dien. Aafke hat jûns mar in oerke ûnrêstich west en no hear ik har der net mear oer’, fertelt se ferbjustere. ‘Ik seach der as in berch tsjinoan. Dat hie ik earder dwaan moatten’, seit se.

‘Gelokkich’, sis ik.

‘En de logopedist is hiel aardich’, seit mem. ‘Se hat allegearre mûlmotorykoefeningen meijûn. Minsken kinne har no al better ferstean’, fertelt mem bliid.

 

Dêr giet de skoalbel. Aafke komt hân yn hân mei har nije freontsje nei bûten draven. Se laket har tosken bleat!

 

 *Tips om fan de sobber ôf te kommen

-Stopje sa betiid mooglik mei de sobber as it ferlet fan sobjen ôfnimt. Om de 1 oant 1,5 jier hinne. Stekt dyn berntsje daliks de tomme of wat oars yn de mûle? Dan kinst better noch efkes wachtsje en it letter noch in kear besykje. Foar de leeftiid fan twa jier moat it eins wol dien wêze mei de sobber. Hoe earder, hoe makliker it giet.

-Brûk in beleanningssysteem (foar de wat âldere bern). Bou it oantal oeren sûnder sobber op. Of praat ôf dat de sobber op bêd bliuwt en allinne noch mar foar nachts is.

-Treast net mei in sobber. Treast it bern sels of bied it in alternatyf, bygelyks in koeser.

-Freget it bern hieltyd om de sobber? Soargje dan foar ôflieding. Bygelyks heit/mem helpe.

-Meitsje in nij ritueel by it op bêd gean. In ekstra ferske of in boekje foarlêze, sadat it bern alfêst leare kin om te ûntspannen sûnder sobber.

-En, wichtich, bliuw konsekwint, hoe dreech dat somtiden ek is.

– Nim ôfskie fan de sobber!

Doch de sobbers op de post. Begraaf se yn de tún. Swaai se út, jou se oan Sinteklaas foar de babypiten, ensfh. Doch dat op in dei dat der genôch rêst is yn de húshâlding en heit/mem der sels ek de romte foar hawwe.

Guon minsken slaan alle boppeneamde stappen oer en nimme daliks ôfskie. Dat kin bygelyks as it bern de sobber allinne op bêd brûkt. Spilet de sobber oerdei in grutte rol, dan kin ôfbouwen in bettere kar wêze. Dêroer binne de mieningen ferdield.

 

Skriuwer: Berber Spliethoff
Ut: heit&mem nr2 2022

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.