heit&mem

De bernekeamer fan Noor

Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.

Dieuwke van der Meer 2 december 2022

Miriam: ‘Wy hienen altyd in neutrale basis foar it keammerke. Mads syn keammerke wie foaral swart/wyt, dat wie doe yn. Noor har keammerke is wat sachter fan kleur. It bedsje is eins fan myn sus. Dat hat se jierren lyn ris ophelle fia Marktplaats, ús neefke hat deryn sliept, Mads hat deryn sliept en no sliept Noor deryn. Myn sus hat it grien ferve en ik ha it nea oerferve, want ik fyn de kleur eins wol hiel moai sa. De ljochtgrize klamboe ha ik spesjaal kocht, dat jout wat in geborgen hoekje en it folle it keammerke moai op. It berneweintsje fan Olli Ella hat se krigen foar har earste jierdei. De pop is in ingel en komt fan Sissy-Boy en it grize tekkentsje hat Noor har beppe breide.

De borduerring mei de reinbôge dy’t boppe har bedsje hinget, ha ik sels makke doe’t ik yn ferwachting wie fan Noor. Krekt as it bêdeguod yn it berneweintsje, dat ha ik makke foar har earste jierdei. Ik hâld derfan om sels dinkjes foar har en har keammerke te nifeljen.

Brûk it behang as basis, sykje dêr ferfkleurkes by en gean dêrútwei fierder.

De flier wie earst donkerbrún, dy ha ik opskjirje litten. It ljochtrôze kleedsje is fan it Frânske merk Tapis Petit, sa’n kleedsje is altyd wol fijn op in houten flier.

It wandrekje is eins in boekerek. Op de foarige skoalle dêr’t ik wurke, soenen se it rekje nei it stoart dwaan. Dat fûn ik skande. Ik ha ’m sels opferve, gatten deryn boarre en der in ilestyk trochdien. De rôze kast is ek in âlde kleuterkast. Dy ha ik ek opskjirre en nij opferve.

Minsken doare faak net wat te besykjen. Mar wat kin der misgean? Besykje gewoan wat, behang is sa wer oerplakt en in muorre is sa wer opnij sauze. En as dyn bern âld genôch binne, nimst se mei yn it proses. Lit de bern dan sels kleurkes útsykje. It is hiel handich om in moodboard te meitsjen. Brûk it behang as basis, sykje dêr ferfkleurkes by en gean dêrútwei fierder. Dan moat it altyd goed komme.’ 

Instagram fan Miriam: miriamhoekstra

 

 

Hasto thús ek in moaie bernekeamer en soest dêr ek ris oer fertelle wolle yn de heit&mem? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl

Skriuwer: Dieuwke van der meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Ut: heit&mem nr.2 2022

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.