heit&mem

Ferneamd: Jille

Ferneamd: Jille

Nynke van der Zee 28 november 2022

Grutte Jille is 67 jier en wennet yn Bûtenpost (pake)

Daan Jille is 10 jier en wennet yn Bûtenpost (pakesizzer)

Rick Jille is 9 jier en wennet yn Boerum (pakesizzer)

Jille Jacob is 7 jier en wennet yn Stroobos (pakesizzer)

Halbe Jille is 50 jier en wennet yn Kollum (omkesizzer) – net op de foto

Jesper Jille is 16 jier en wennet yn Kollum (achterneef) – net op de foto

Jille Bremer: “Ik bin ferneamd nei myn pake Jille Bremer. Doe’t ik in lyts jonkje wie, wie der hast gjinien mei de namme Jille. It wiene allegear Jelles of Jilts, mar gjinien hjitte Jille. Ik fyn it sels in moaie namme en stikem hope ik fansels dat ik ferneamd wurde soe. Mar dat der mar leafst trije Jilles by komme soenen as pakesizzer hie ‘k net tinke doard.

As earste waard Daan Jille berne. Dêrnei folge al rap Rick Jille en as lêste kaam Jille Jacob derby. By alle trije brûke wy beide nammen as ropnamme. Dat fyn ik prachtich. Sa wurdt de namme Jille noch alle dagen brûkt. En dat is noch net alles. Myn suster hat in soan − myn omkesizzer dus − dy’t ek nei ús pake Jille ferneamd is. Dat is in Halbe Jille. En hy hat op syn beurt wer in soan mei de namme Jesper Jille. Al mei al binne der dus mar leafst seis Jilles yn de famylje. Wy fine it in hiel bysûndere namme. Seker yn 2022 hearst dy namme net in soad mear.

Alle dagen komt der wol ien fan de pake- en beppesizzers by ús lâns. En myn frou en ik passe geregeld op. De jonges fine it prachtich om in eintsje te riden mei ien fan de oldtimers. Ik ha in pear moaie weinen yn it hok stean, ûnder oaren in MG TD út 1952. Sa’n auto lykas út de strip Jan, Jans en de kinderen. As wy mei ús allen te riden gean, is it yn ús gefal dus: Pake, beppe en de bernsbern.

Ik wie 55 jier doe’t ik foar it earst pake waard, frij jong noch dus. No’t ik út it wurk bin, ha ik noch mear tiid om leuke dingen mei de pakesizzers te dwaan. Yn de simmerfakânsje ha ik mei twa fan de jonges nei Museumpark Archeon yn Alphen aan den Rijn west. Krekt lykas ik fine dy beide mannen âld guod tige nijsgjirrich. Dat sit per slot fan rekken ek in bytsje yn ús namme. Jille, oftewol jild, dus guod fan wearde. Ik genietsje folop as ik mei de mannen troch dat park rin. Dan fiel ik my wier de kening te ryk!”

 

Skriuwer: Nynke van der Zee
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Ut: heit&mem nr.2 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!