heit&mem

Fryske Sinteklaasferskes!

x 30 november 2023

It is wer Sinteklaastiid! Dat betsjut skuontsjes sette, kleurplaten kleurje, in ferlanglistje meitsje en fansels sjonge. Hjirûnder kinst de ferskes ek mei de tekst derby besjen. Se binne maklik mei te sjongen en net hiel lang. Perfekt foar it sjongen by it skuontsje dus!

In soad wille dermei!

Op it dak

Fan it iene dak op it oare dak.
Piter bringt de pakjes goed te plak.
Rommel bommel bommel,
Pyt wat kreas!
’t Pakje falt (boem)
yn ‘e lears!

Toe mar hoppe

Toe mar hoppe, set ’m op.

Toe mar hoppe, hop hop hop.

Hop hop ho, hop hop ho.

Wa krijt in kado?

Tuffe tuffe toet!

Tuffe tuffe toet, tuffe tuffe toet,

de stoomboat, de stoomboat.

Hoi Sinteklaas, hoi Piterbaas.

Ik wiuw jim ta,

it is feest, hoera!

Op myn kontsje

Ik sit hjir op myn kontsje,

te sjongen by myn skuontsje.

Leave Pyt, hearsto my wol?

Goai fannacht myn skuontsje fol.

Kadootsjes

In sek fol kadootsjes.
Hyp hyp hoera!
In sek fol kadootsjes.
Foar wa? Foar wa?
Dit grutte pak,
dat is foar dy
en dit kadootsje 
is foar my.

Noch ynspiraasje nedich om te knutseljen mei de lytskes yn Sinteklaastiid?

 

Foar de leukste Sinteklaas nifelwurkjes en kleurplaten sjoch hjir.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.