heit&mem

Resinsje fan Wopkje Bergmans: Gouden Boekje ‘Sipke leart fierljeppen’

Resinsje fan Wopkje Bergmans: Gouden Boekje ‘Sipke leart fierljeppen’

x 18 november 2022

Alwer in moai nij Gouden Boekje oer Fryslân mei syn typyske sporten fan in“gouden duo”: Lida en Harmen, jimme folje inoar sa goed oan!

De tekst fertelt it ferhaal, mar de yllustraasjes fertelle it ferhaal ek.

Jimme binne tegearre ek “in gouden span” foar dizze “Sipke-boekjes”.

Sipke leart fierljeppen

It fiifde boekje fan Sipke alwer. Prachtich!

Sa as wy sa njonkenlytsen wol witte, is de krêft fan dizze “Sipke”-boekjes dat it ferhaaltsje yn it Frysk én yn it Nederlânsk ferteld wurdt.

En wat ek hiel fijn is, is dat efter yn it boekje alles fan it fierljeppen nochris dúdlik útlein wurdt.

 

It ferhaaltsje yn it koart:

Fiif jonge fierljeppers steane klear, harren coach is fansels pake Pipermûs. Pake Pipermûs kin wol wat. Hy kin aaisykje, hy kin sile, hy kin keatse en no hat er ek noch kampioen west mei it fierljeppen! In baas fan in pake is it, dy pake Pipermûs!

Pake leart se fan alles wat mei it ljeppen út te stean hat, sa as oefenje yn de ynspringpeal en it fytsbantsje om de foet bine. Sipke docht it goed en ek Hotske de hazze ljept as it spoar. Mar by ús oaljefantsje wol it noch net sa goed slagje. Hy hat hichtefrees en dat is net sa’n bêst skaaimerk by it fierljeppen! En hy springt gauris wiet. Mar no is it wol wat, want… sneon is de earste wedstriid al!

Us Sipke wol it oaljefantsje wol helpe en se trene har út ’e naden. En dan op sneontemoarn giet it hiele stel yn pake syn âld rammelbak fol mei broadsjes en mei de polzen op it dak, op nei de fierljepskâns. It slagget in protte bisten, mar ús oaljefantsje komt alwer net oer it deade punt hinne. Dat is ferhipte spitich!

Sipke fynt it sá skande foar it oaljefantsje en betinkt in grapke. Sipke nimt ek in grutte oanloop en springt boppe de oaljefant yn de pols en dan… ha se tegearre in “duo-sprong”. It is in grut súkses!

Efkes letter sit pake Pipermûs, sa grutsk as in pau, mei it hiele span yn it wetter mei in grouwe iisko yn de poatsjes. (Dy yllustraasje is sa oandwaanlik.)

En… wat ha se in wille!

Want it spesjale fan fierljeppen is: dyn tsjinstanner is tagelyk ek dyn freon.

No, moaier kin it net, toch?

 

Resinsje is skreaun troch: Wopkje Bergmans fan Holwert

 

Sipke leart fierljeppen is foar € 9,99 hjir online te bestellen.

-> Wopkje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.