heit&mem

Lisa: in jier nei de boarstamputaasje

x 17 november 2022

Lisa stie yn de heit&mem fan novimber 2022. Se die dêr har ferhaal oer it boarstkankergen dat sy by har draacht en wat dat mei har docht. Op it momint fan har ynterview wie se yn ferwachting. Se is yntusken befallen fan in prachtich jonkje: Markus. 

‘Markus is berne mei in plande keizersneed by 39 wiken swangerskip. Wy wisten al in skoftke dat 4 oktober dé datum wie wêrop’t we him moetsje soene. Freonen en famylje mochten noch wol graach ris riede nei dy datum, mar it bleaun in ferrassing. 
Eins best apart dat je nei de kofje mei in kofferke nei it sikehûs gean om je soan “te heljen”. Mar we koene it hiel rêstich temjitte gean, myn foarige befalling wie ek in keizersneed, dat ik wist wat my te wachtsjen stie. We hiene der foaral in soad nocht oan. 
Myn tante is operaasje-assistinte en hat – krekt as by Lennie – tegearre mei de gynekolooch de befalling dien. Foar ús hiel spesjaal! Alles is goed ferrûn. Wy hawwe twa nachten mei syn trijen yn it sikehûs west en mochten doe alwer nei hûs om fierder op te knappen en te genietsjen fan de kreamtiid!’ 

Hoe giet it mei Markus sels?

‘Markus is in hiel tefreden mantsje. Fuort fan it begjin ôf siet it al goed mei syn “klokje”; om de trije oeren ite en tuskentroch in protte koese. Dêrtroch groeit er ek as koal! 
It is in fleurich keardeltsje dat ús wol gauris op in golle lach traktearret (smelt!) en mei grutte eagen op syn manier al hiel wiis de wrâld ynsjocht. Lennie is in hiel grutske broer en hy mei Markus dan ek graach tútsjes jaan.’ 

Dit is it belangrykste en wêr’t ik it foar dyn ha

Hoe sjochst werom op it ynterview yn de heit&mem?

‘Ik haw it ynterview as hiel noflik ûnderfûn. Janna en ik hawwe in hiel moai en iepen petear mei-inoar hân. Hoewol’t it in “dreech” ûnderwerp is, fyn ik it net lestich om oer te praten. Ik ha der just altyd hiel iepen oer west, minsken kinne my alles freegje. Fansels omdat it foar de measte minsken gelokkich in ûnbekend ûnderwerp is, mar just ek omdat ik foar de operaasjes sels ek ferlet hie fan ynformaasje dêroer. En dan benammen fan ûnderfiningen fan oare froulju. Ik bin hiel wiis mei it stik dat Janna derfan makke hat! 

Foar alle froulju dy’t yn in fergelykbere situaasje sitte: folgje dyn gefoel! En ast noch twivelest of ynkoarten dy operaasje(s) ûndergean silst: ek do kinst it, en hoe dreech ek, úteinlik is it te dwaan.
Tank kollega’s fan heit&mem foar de romte foar dit ûnderwerp!
Dan gean wy no wer fierder mei it genietsjen fan ús húshâlden, want dat dogge we folop. Dat is it belangrykste en wêr’t ik it foar dien haw. Haw it libben en de leafde leaf!’ 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.