Oprop: ‘Alwer in Fries’ – 2023 LYTSE heit & mem
Dieuwke van der Meer 31 oktober 2022
Der ferskynt ynkoarten wer in ‘Lytse heit & mem’.
Dêrfoar binne wy foar de rubryk ‘Alwer in Fries’ op syk nei moaie foto’s fan poppen dy’t berne binne yn 2022.
Doch mei en upload dyn foto.
De redaksje siket 30 foto’s út foar yn ‘De Lytse heit & mem’.
Ferjit net de foar- en achternamme én it wenplak fan jim poppe yn te foljen.
It blêd is ein jannewaris 2023 foar elkenien online yn te sjen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: