heit&mem

De resinsje fan Maaike: It is de Gruffalo!

Dieuwke van der Meer 14 oktober 2022

It is in suterige freedtemiddei at it nije boekje fan de Gruffalo yn ’e brievebus sit. Perfekt waar om in boekje te lêzen. Redmar mei it boekje útpakke en it lytse stoffen fingerpopke (mûske) falt fuortendaliks yn ’e smaak.

It boek ‘It is de Gruffalo’ giet oer in mûs dy’t op ’en paad is yn it grutte donkere bosk. Underweis komt hy Foks, Ule en Slang tsjin. Allegear lykje se de mûs wol in lekker hapke te finen, dus moat Mûs drave, dûke en trilje fan bangens. Letter komt Mûs ek noch de Gruffalo tsjin, dêr’t er him gau foar ferstoppet. Mar Mûs blykt hielendal net bang te wêzen foar de Gruffalo. Hy komt dus gau werom fan syn skûlplak.

Op it earste each is dit net in boekje dat ik gau keapje soe. Foaral troch it (foar my en Redmar) net werkenbere meunster op de foarkant fan it boek. Doe’t ik it boekje foar it earst begûn te lêzen mei Redmar wie it lykwols in hiel grut sukses! Foaral troch de ynteraksje dy’tst hast mei it stoffen mûske. Dat is echt in hiele aardige tafoeging fan it boekje. Kinst de mûs fan alles dwaan litte. Redmar besiket hieltyd faker oft it him ek al slagget om de mûs bewege te litten en hy pakt it boekje der hieltiten wer by. 

It boekje is ek in moaie help foar bern dy’t wurdsjes oan it learen binne. Troch de moaie plaatsjes yn it boek kinne der samar wer in pear bisten, dy’t se (faaks) net elke dei sjugge, tafoege wurde oanharren fokabulêre. Dêrneist is it bewegen fan it mûske ek goed foar de motoaryske ûntwikkeling.

It blykt mar wer: beoardielje in boek nea op syn kaft! Dit is in hiel aardich en unyk boekje. Hiel geskikt foar lytse pjutten, mar grif ek noch foar wat âldere berntsjes.

 

Skriuwer: Maaike Dillema, mem fan Redmar (1 jier en 10 moanne âld).

Tytsjerk.

 

It is de Gruffalo is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Maaike is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.