heit&mem

Molke jaan sûnder boarsten

Wat hie it har prachtich like om har soantsje Rinse (no 8 moanne âld) fuort nei syn berte it boarst te jaan, sa’t se earder ek by dochter Mirthe (9) dien hie. Mar it mocht net sa wêze. Jannie de Haan (39) út Bitgummole moast acht jier lyn har boarsten amputearje litte.

x 10 oktober 2022

‘Yn 2014 waard by my DCIS, in foarstadium fan boarstkanker, konstatearre’, fertelt Jannie. Dat late derta dat se fan beide boarsten ôfskied nimme moast. ‘It iene om’t it dêryn siet en it oare boarst previntyf, om’t ik gendrager bin.’ It wie in emosjonele en fertrietlike tiid foar har. ‘Je reitsje in diel fan je lichem kwyt, binne benaud foar de sykte, mar ek op oare fronten makket it in soad los.’

Jannie is net mear tegearre mei de heit fan Mirthe. Se learde har tsjintwurdige freon, de heit fan Rinse, yn 2017 kennen. ‘Hy ken my net oars as sûnder boarsten. Wat yntimiteitoanbelanget moast ik in nije balâns fine. Ik wie ommers ek in stik fan myn froulikheid kwyt. Lokkich kinne je je ek op oare lichemsdielen rjochtsje om je seksy te fielen.’

Nei de amputaasje gie Jannie in trajekt yn foar it pleatsen fan boarstprotezes. ‘Ik krige in rekonstruksje ûnder de hûd, ûnder myn boarstspier. Ik krige dêr letter in soad lêst fan en de boel begûn ek te lekken. Ik haw alles fuorthelje litten. Mar as ik fan tefoaren witten hie dat dy protezes ek nochris hiel gefaarlik wêze koenen, dan hie ik se der noait ynsette litten.’

Sa, sûnder protezes, liet Jannie har yn de lêste wike fan har twadde swangerskip ek fêstlizzemei in fotoshoot. ‘In dikke búk, mar wol plat: sûnder boarsten en protezes. Ik bin hiel wiis mei dy foto’s. It makket foar my taastber datst ek sûnder boarsten prachtich yn ferwachting wêze kinst.’

Yn dy perioade kaam ek it besef dat se har twadde berntsje net it boarst jaan kinne soe. Sels wurket Jannie as fasilitêr meiwurker op de ôfdieling Ferloskunde yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêrtroch praat se ek mei froulju dy’t krekt mem wurden binne en har bern it boarst jouwe. ‘Ik wist dat it momint komme soe dat ik sels gjin memmemolke jaan koe. Ik haw dêr yn al dy moannen nei talibbe en dêrom haw ik dêr ek net mear fertriet om hân.” Wat se wol lestich fûn, wie dat der by de kreamkursussen fan útgien wurdt dat je je bern sels it boarst jaan kinne. ‘It gie benammen oer it belang fan memmemolke en hoe’t je it bern oanlizze moasten. Ik fûn it alle kearen pynlik as dat ûnderwerp behannele waard. It soe goed wêze at der yn dy tariedende faze ek oandacht komt foar froulju dy’t ien of twa boarsten misse moatte en dus op in oare wize in konneksje meitsje moatte mei harren poppe.’

Guon froulju mei amputearre boarsten sette yn harren befalplan dat de ferpleging de poppe net fuort nei de berte oanlizze moat. Om’t dat konfrontearjend wêze kin. Jannie waard nei de berte fan Rinse fersoarge troch har eigen kollega’s, dat dy wisten fan har medysk dossier. ‘Ik woe wol hiel graach dat Rinse nei de berte fuort op myn hûd dellein wurde soe, sadat er dêr it fleske sykje koe.’

Rinse krijt dus keunstmolke. ‘Ik wit dat der froulju binne dy’t memmemolke donearje oan in molkebank, mar dat is hjir yn it noarden net sa bekend.’ In kollega fan Jannie hie sels oerproduksje en bea har oan om foar lytse Rinse te kolvjen. ‘Dat wie hiel leaf en dat rekke my ek, mar sjoen de koroanabesmettingen doarde ik de ekstra kontakten net oan.’

En dus genietet Jannie fan it libben sa’t it wol kin. ‘Ik haw lêsten foar it earst “plat” nei de sauna west. Ik moast echt in drompel oer, mar earder koe ik dêr ek altyd sa fan genietsje, wêrom no dan net? Minsken seagen wol efkes op, mar elkenien makket yn syn libben ferfelende dingen mei. Ik bin der noch en dat hie ek hiel oars kind, tink ik dan mar.’

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.