heit&mem

De resinsje fan Simone: De Bjusterbaarlike Baron

x 7 oktober 2022

Ik ha de ferhalen fan de Baron von Münchhausen mei in soad wille lêzen. Nettsjinsteande dat se oandikke binne en nea op dy wize bard wêze kinne en iksels faak op syk bin nei de kearn fan wierheid fan it ferhaal, fûnen ús bern it krekt fantastysk. Hearlik om te sjen hoe’t sy genietsje kinne en har fernuverje oer alles wat der bart. Sa knap mem, dat se al dy gekke ferhalen betinke kinne, seit Stijn blierkjend.

It boek giet oer de Bjusterbaarlike Baron von Münchhausen. De Baron focht yn de oarloch tusken Ruslân en Turkije, oan de kant fan de Russen. As soldaat hie er in soad meimakke. By thúskomst fertelde er dêr graach ferhalen oer. De Baron mocht sels de ferhalen al graach oerdriuwe, mar doe’t syn freon Rudolf de ferhalen besleat op te skriuwen, hat dy se nochris aardich opkloppe. Dêrtroch waarden de ferhalen nochal ûnoannimlik. En dêrtroch krige de Baron de bynamme “De Leugenbaron”.

De ferhalen wurde yn it boek ferteld yn gronologyske folchoarder. Yn it earste ferhaal giet de Baron von Münchhausen op ‘en paad om te helpen yn de oarloch, it lêste ferhaal giet oer syn thúskomst. Dêrtroch sit der in dúdlike line yn de ferhalen. Tuskentroch wurde alle ferhalen oer syn ûnderfiningen ferteld.

It moaiste is om elk ferhaal apart foar te lêzen, sa kinne de bern it efkes besinke litte en neitinke oer wat der no werklik yn it ferhaal bart. Al binne de ferhalen sa wûnderbaarlik dat it faak net by ien bliuwt. Sophie (11) fynt it aardich dat it boek oars is as oare boeken omdat der allegear dingen barre dy’t hielendal net kinne. Se fynt it ferhaal fan it heale hynder it leukst. Net te leauwen dat se in hynder oanelkoar meitsje kinne mei tûken fan laurier en dat dêr dan ek noch in beam útgroeit. Reuze handich. Dêrneist is it ferhaal fan de bargesturt ek ien fan har favoriten, al is it wol wat sneu hoe’t it mei de baarch ôfrint.

Stijn (8) fint fantasyferhalen en dat der goed oerdreaun wurdt fantastysk. Sa aardich betocht dat der yn de ferhalen allegear gekke dingen barre, seit er. Syn favorite ferhaal is dat fan de beferzen hoarn. Hoe bysûnder dat alle ferskes nei it ûntteien noch yn de hoarn sitte en it ding de minsken de hiele jûn fermakket mei moaie muzyk. De tekeningen binne aardich makke en jouwe in goede ferbylding fan it ferhaal. De bern hiene it wol aardich fûn as de swart-wite tekeningen ek yn kleur west hiene. Mar sa om de bledside is ek wol goed hear.

De Bjusterbaarlike Baron is in bysûnder moai boek, dat de fantasy fan ‘e bern prikelet en se meinimt nei in wrâld fol aventoer.

 

Skreaun troch Simone

De Bjusterbaarlike Baron is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.