heit&mem

De resinsje fan Wietske: Healwize beamhutferhalen

x 4 oktober 2022

It berneboekewikegeskink fan dit jier is in lyts giel boekje mei grappige yllustraasjes. De foarkant nûget fuort al út om fierder te sjen nei wat der allegear barre sil. Foardat ik fierder fertel oer hokker aventoeren dat allegearre binne, moat ik wol efkes wat kwyt: ik hie noch nea fan Terry, Andy en Jill heard! En ek net fan de waansinnige beamhutte dy’t sy hawwe mei wit ik hoefolle ferdjippingen. Der gong in wrâld foar my en ús bern iepen.

Yn dit boekje komme seis aventoeren oan bar wêryn’t Terry, Andy en Jill tsiere oer wat te dwaan op in reinige dei, harsels feroarje yn in hûn, útprobearje hoe’t it fielt om in stoel yn ‘e noas te hawwen, oan in wedstrydsje heechspringen dwaan, in hiel nij opromapparaat útfine en in pizzabakkerij runne. De ferhalen begjinne hast allegearre hiel werkenber, mar feroarje al flot yn knotsgekke aventoeren, sa gek kinst se sels net betinke.

De aventoeren binne skreaun troch Andy Griffiths (in Australyske skriuwer) dy’t in grutte skat oan fantasy hat. Hy foarmet in team tegearre mei Terry Denton, dy’t op in hiel eigen wize de ferhalen yllustratyf stipet.

Kwa nivo tink ik dat it yn de Fryske taal noch wol wat dreech is foar 7-jierrigen om it selsstannich te lêzen. Der wurdt gebrûk makke fan lange wurden, lykas bygelyks stoel-yn-dyn-noas-tange, kamielebulten en beamhutbisten. Om foar te lêzen is it absolút geskikt. Us soan fan 5 jier geniete ek fan de ferhalen. Hy fûn it wol hiele moaie aventoeren dy’t der belibbe waarden. Wy waarden troch it lêzen fan dy aventoeren wol tige nijsgjirrich nei de oare boeken fan Andy en Terry.

Noch wol in lytse kanttekening: troch it brûken fan de mannichte “strip”yllustraasjes tuskentroch komme de siden soms wat fol en drok oer. Oan ‘e oare kant makket dat it wol ta in hiel eigen styl, dy’t in soad bern oansprekt.

Skreaun troch Wietske Siemensma fan Britsum, mem fan Elise (7 jier ), Seth (5 jier) en Micha (2 jier)

 

Healwize Beamhutferhalen is by in bestelling fan € 12,50 yn de Afûk websjop fergees hjir te bestellen.

-> Wietske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.