Heit as rolmodel
Alders ha de grutste ynfloed op it lêsgedrach fan har bern.
Ut ûndersyk blykt dat heit en mem elk har eigen unike manier fan foarlêzen hawwe. Dêrom is it belangryk dat se beide (foar-)lêze.
It foarbyld fan in heit dy’t lêst, hat in grutte ympekt op de soanen. Sa kinne heiten bydrage oan it foarkommen fan in lêsachterstân mei jonges. 25% fan de heiten is 1e foarlêzer! By 17% fan de húshâldingen lêze mem en heit likefolle foar. Mar meastentiids lêst mem de bern foar. Wol docht bliken dat heiten fan 35 jier en âlder mear en faker mei de bern in boekje pakke, as de jongere heiten. Heiten ferbine boeken en ferhalen, faker as mem, mei de wrâld om har hinne: ‘Witst noch wol, doe’t wy by see wienen…’
Ut ynternasjonale ûndersiken docht bliken dat jongens op alle terreinen in achterstân hawwe op de famkes wat it lêzen oanbelanget. Se binne minder feardich, lêze minder faak en hawwe der ek minder lol oan.
Tips fan Jacques Vriens, de bekende berneboekeskriuwer:
– Lês bern faak foar, dat kin fuort nei de berte al.
– Lês it earste haadstik fan in nij boek foar oan dyn bern. Dêrnei kinne se sels fierder lêze.
As bern ienris yn it ferhaal sitte, is de drompel om fierder te lêzen lang sa heech net.
– Skaf behalve it gewoane boek ek it audioboek oan (de biblioteken ha ek in foarrie).
Bern kinne it ferhaal dan tagelyk lêze en harkje.
Dy kombinaasje fan wurdbyld en klank soarget derfoar dat bern dy’t muoite hawwe mei taal
mei sprongen foarút gean.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: