heit&mem

Dyn berntsje it boarst jaan mei noait sear dwaan

Hast 70 prosint fan de memmen yn Nederlân jout de poppe nei de befalling it boarst, mar dat giet net altiten fansels. It berntsje hapt soms net goed of de mem hat pine troch it fieden. ‘Faak tinke minsken dat dy pine derby heart,’ fertelt laktaasjekundige Marije Bosma fan Borstvoedingscentrum Memmemolke, ‘mar dat is echt net sa.’

Froukje Sijtsma 1 oktober 2022

It moaiste soe fansels wêze as it berop fan laktaasjekundige hielendal net bestie. ‘Mar as it jaan fan boarstfieding problemen jout, dan kom ik om ’e hoeke te sjen. It leafst noch deselde dei.’ Faak binne memmen emosjoneel. ‘Se wolle it fieden sa graach sels dwaan en hawwe der fertriet fan dat se it berntsje net it bêste jaan kinne.’ Earst harket Marije nei wat krekt it probleem is en wat se allegear al besocht hawwe.

‘It kin wêze dat de produksje fan de molke net goed op gong komt, bygelyks as in frou in keizersneed hân hat. Mar ek de fiedingshâlding kin fan ynfloed wêze.’ Marije besiket earst de oarsaak te finen en jout dan tips foar fieden en kolvjen. ‘It is belangryk dat de noas fan de poppe by de tepel sit en de poppe dêr in sa grut mooglike hap nimme kin. De tepel moat tsjin it sêfte part fan it ferwulft (NL: gehemelte) oankomme.’ Barsten yn de tepel wurde feroarsake as de tepel tsjin it hurde part fan it ferwulft fan de poppe oankomt. ‘Nim it berntsje mear op de ûnderearm en lis gjin hân op ’e holle, want dêr sitte ek de sykrefleksen fan it berntsje.’

De poppe regelet sels yn de earste seis wiken de molkeproduksje by de mem. ‘Hoewol’t guon âlden bern it leafst op fêste tiden drinke litte wolle, bin ik der in grut foarstanner fan om se op fersyk drinke te litten. Dus as it berntsje oan it boarst wol, lit it dan drinke en hâld it lekker ticht by dy yn ’e buert.’ It is foar de produksje belangryk dat it boarst goed leechdronken wurdt. ‘Lit ien boarst hielendal goed leechdrinke en jou dan noch in neigesetsje út it twadde boarst. By de folgjende fieding dochst dat dan oarsom.’

Soms komt it foar dat it boarst hiel fol sit. ‘Om in pynlike boarstûntstekking foar te kommen, is it belangryk datst it boarst goed leech krijst. Soms helpt it om sels earst te ûntspannen en it pynlike boarst te massearjen. Ast stuwing hast, remmet dat de produksje.’

Tiden hawwe tiden. Bepaalde generaasjes memmen joegen hast gjin boarstfieding, wylst memmen fan dizze tiid just wer hiel graach tate jaan wolle oan harren bern. ‘En dat is hiel moai’, fynt Bosma. ‘It hat in soad foardielen.’ Los fan dat de molke altyd foarhannen is en dat it goed is foar it hechtsjen fan mem en bern, binne der noch folle mear foardielen. ‘It alderbelangrykste binne de antystoffen dy’t de poppe fia de memmemolke binnenkrijt. Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t memmemolke krije, op lettere leeftiid minder faak te krijen hawwe mei oergewicht, kanker en hert- en iersykten.’

Ek foar de mem sels is it sûn. ‘As je boarstfieding jouwe, binne je flotter op je âlde gewicht, it izergehalte bliuwt heger om’t je noch net ûngesteld wurde, en ek rint de mem minder kâns op limoerhalskanker (NL: baarmoederhalskanker).’ Dêrby jildt boppedat: hoe langer je boarstfieding jouwe, hoe better.

Hoelang soenen je boarstfieding jaan moatte? ‘De World Health Organization skriuwt twa jier boarstfieding foar en by dat advys slút ik my ek oan. De earste seis moannen allinnich mar memmemolke en dêrnei is dat in moaie oanfolling op griente en fruit.’ Neffens Marije tinke in soad minsken dat dat advys allinnich foar treddewrâldlannen jildt. ‘Mar ek foar de westerske wrâld is dat it advys. Memmen kinne har dat hast net foarstelle, mar dochs is it goed om it sa lang te dwaan, benammen foar de antystoffen dy’t in berntsje fia de mem krijt. En dêrnei kinst gewoan trochgean mei sels fieden salang’t mem en bern it noch noflik fine.’

It falt Marije op dat memmen faak behoefte hawwe oan mear support . Fan sawol de memmen ûnderelkoar as fan de eigen famylje en freonen. It liket bytiden wol in wedstrydsje . Memmen kinne har hiel iensum fiele as harren berntsje noch net sa goed trochsliept. Hiel faak krijt de boarstfieding dan de skuld en seit de omjouwing dat se mar better op keunstmolke oerstappe kinne. ‘Sa skande. Lit ús de memmen wat mear stypje.’

Ut: De Lytse heit&mem 2022
Skriuwer: Froukje Sijtsma

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.