heit&mem

Mem, mei ik boartsje?

Boartersôfspraken meitsje by it skoalplein is wat dat alle dagen weromkomt, en it is soms in hiele toer. It iene bern wol it leafst alle dagen ôfprate, wylst in oar ien kear yn ’e twa wiken mear as genôch fynt. En dan moat it ek noch slagje om in ôfspraak te meitsjen tusken it sporten, de muzyklessen en wurkjende âlders troch. Hoe giesto dêrmei om?

Klasina van der Werf 13 september 2022

Mirjam Visser út Mitselwier is sûnt fiif jier bernecoach en hat dêrneist goed tweintich jier ûnderfining as juf yn it basisûnderwiis. ‘Ik bin ek noch Yntern Begelieder en ha altyd al in passy foar bern hân. Dêrneist bin ik mem fan trije bern dy’t no pubers binne. Ik kin my dus goed foarstelle hoe’t âlders harren soms fiele. By in oar liket it altyd fansels te gean, mar dat is lang net altyd it gefal’, seit Mirjam. Se stelt foarop dat elk bern wer oars mei it boartsjen omgiet. ‘Sommige bern ha it boartsjen nedich om de wrâld te ferkennen. Se fine it moai om by in oar te boartsjen om te sjen hoe’t it dêr om en ta giet en watfoar boartersguod in freontsje hat. Mar der binne ek bern dy’t mear de kat út de beam sjogge en dy’t it lekker fine om út skoalle wei thús te boartsjen mei har eigen spul’, leit Mirjam út. Wat har opfalt, is dat foaral âlders it der smoardrok mei ha. Meastal komt dat troch noeden en soargen dy’t se sels ha. ‘Alders binne bang dat har bern gjin freontsjes krije en dat se allinnich komme te stean. Dat wol net ien. Mar do moatst dy altyd ôffreegje wa’t dêr lêst fan hat, bisto dat of dyn bern. Hiel faak komme âlders ta de konklúzje dat it har eigen eangst is.’

‘Sjoch nei it bern’

Dat guon bern nei skoaltiid net altyd mear nocht ha om te boartsjen, hat ek te krijen mei it kontinuroaster. Bern binne al fan healwei njoggenen oant twa oere op skoalle, en ite, wurkje en boartsje mei-inoar. ‘Foar sommige bern is dat wol genôch. Wy libje yn in maatskippij wêryn’t it altyd mar trochgiet. Der binne in soad prikkels. Al moat ik sizze dat de measte bern hiel fleksibel binne. Wol fernimst dat bern geandewei de wike sizze: lit my mar even allinnich. Mar dat is by ús as folwoeksenen faak net oars. Wy ha op in gegeven momint ek ús nocht en ha tiid foar ússels nedich. Myn belangrykste tip foar âlders is dan ek: sjoch nei it bern. As se behoefte ha om te boartsjen, dan freegje se dêr wol om. Bern binne dêr hiel puer yn. Just asto der druk op leist, wurket it net. In oar advys: meitsje ek keuzes yn it oantal sporten, want it is wol belangryk dat der tiid oer is om te boartsjen bûten skoalle om. Dan ûntwikkelje bern har en ûntdekke se dat it net oeral itselde is as thús. Sels hâld ik derfan dat bern lekker bûten boartsje, op ’e kop yn ’e beam hingje, polsstôkspringe en lekker smoarch thúskomme.’

‘Elk bern wer oars’

Maaike Koornstra (41) út Sint-Jabik hat tegearre mei har man Adriaan (44) fjouwer bern (6, 7, 9 en 12), dy’t alle fjouwer op harren eigen manier mei it boartsjen omgean. ‘De âldste twa binne it leafst thús, wylst de jongsten altyd boartsje wolle, en meastal by in oar. By de âldste probearre ik doe’t se âlder waard ek wolris te stimulearjen om by in oar te boartsjen, mar by de jongsten is it krekt oarsom. Dan sis ik: “Hjoed ek ris by ús”’, fertelt Maaike. By de âldsten besocht se it boartsjen noch wolris wat te stjoeren as mem, mar by de jongsten hat se dat hielendal loslitten. ‘As de âlders it goed fine en de bern ek, wa bin ik dan?’ Maaike hat ûntdutsen dat elk bern syn eigen behoeften hat om te boartsjen. ‘De âldste is noch hieltyd it leafst thús, dat sit yn har aard.’ Ek oft it jonges of famkes binne, makket wat dat oangiet gjin ferskil, falt har op, want se ha fan beiden twa. Wol fynt se it hiel wichtich dat de bern tiid ha om te boartsjen. ‘Ik tink dat sommige âlders ûnderskatte hoe belangryk boartsjen is. Dat se sels betinke wat se dogge, dat se harren soms even ferfele, mar faak ek fernuverje.’

‘It leafst bûten boartsje’

Geeske Anna Postma (38) wennet mei har man Robin Bakker (37) en twa dochters Femke (11) en Ylse (7) oan de râne fan it doarp Earnewâld. Se is bliid dat de moaie tiid fan it jier der wer is, want tusken it boartsjen yn de winter en yn de simmer sjocht se in grut ferskil. ‘Winters boartsje de bern binnen en freegje se wol gauris oft se op in skermke meie. It antwurd is dan meastal “nee”. By ús thús is it fiif oere, nei it boartsjen, skermketiid. Mei dit moaie waar tale se minder nei skermkes en boartsje se lekker bûten. Us âldste praat gauris mei har nichtsje ôf, dat is har beste freondinne. Se sitte byinoar yn ’e klasse, yn groep 8. Se rêde harsels goed, fytse nei it doarp en komme dêr wer oare bern tsjin’, fertelt Geeske Anna. De jongste sit yn groep 4 en boartet hast elke dei wer mei in oar. ‘Se prate dat sels op skoalle ôf. Moandeis giet se nei de BSO en freeds hat se – lykas Femke − dânsles, mar foar de rest boartet se alle dagen. En no mei it moaie waar jûns ek, nei it iten, mei de oare bern op it skoalplein. Nee, it is har net gau tefolle. Ik fyn it sels ek wol moai’, laket Geeske Anna. ‘Want as se in boarter ha, fernuverje se har goed en hast der folle minder wurk fan.’

‘Alle dagen boartsje’

De âldste dochter fan Gerbranda (32) en har man Eelke Jan de Graaf (34) út Damwâld wol it leafst elke dei boartsje mei berntsjes fan skoalle. Dat kin net altyd, want se giet twa dagen nei de oppas. ‘Us Rinsina (5) kin trije middeis boartsje. Op de dagen dat it kin, sizze we dat moarns al tsjin har en dan moat se sels útfine mei wa. As ik har ophelje út skoalle, by de Sprankeling yn Damwâld, dan komt se al oandraven en ropt se: ik wol mei Lisa boartsje (of mei Femke of Jantine…). Se praat dat sels op skoalle ôf mei it berntsje. By it opheljen wurdt it koartsluten mei de âlder. Soms kin it net. Dan is se wol wat fan slach. Mar meastentiids kin der gewoan boarte wurde en dan is it feest’, fertelt Gerbranda. As Rinsina thús boartet, mei har suske Wiljanna (3) ek meidwaan. En by de oppas boartet se mei twa jonkjes dy’t dêr ek binne. ‘Eins wurdt der elke dei wol boarte. Wy stimulearje dat ek, want wy fine it wichtich dat de bern mei-inoar boartsje. Dêrom dogge we de swimles op sneon. Dan kin se troch de wike gewoan boartsje.’

Út: Heit&Mem nr. 1 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!