heit&mem

De resinsje fan Jitske Nynke: Abe en de Aardichman

De resinsje fan Jitske Nynke: Abe en de Aardichman

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet, krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

x 12 september 2022

Myn lêsbelibbing:

Wat my fuortendaliks opfoel, wiene de skitterjende yllustraasjes. Hast noch moaier as de natoer sels. At ik myn eagen tichtknypte, koe ik it oanreitsje. Dan fielde ik my ien mei dizze wrâld op papier.

Abe sleat ik fuortendaliks yn myn hert. Wat in skrander en leaf jonkje. Mar ek in jonkje dat goed wit wat er wol. Dy’t him ien fielt mei de natoer om him hinne. Syn iensumheid en syn ûnwissigens omdat er pleage waard, fielde ik goed oan. It rekke my. It die my tinken oan myn eigen bernetiid.

Mar ik wie ek nijsgjirrich hoe’t Abe dêrmei omgie. Gefoelens fan waarmte mar ek emoasjes doe’t er in freon yn de tún fine mocht dy’t der altyd foar him wie.

De emoasjes sa at Abe dy fielt, fielde iksels ek. Syn skruten en eangstige hâlding tsjinoer it famke út ’e buert, Sibrich. Syn gefoel fan no efkes net en it fuortkrûpen om mar net dêrmei konfrontearre te wurden, ik fielde it.

Mar ek de enerzjy fan syn âlden: wy hawwe it drok, rin ús net foar de fuotten, oant it momint fan ynsjoch en dan harren stipe en feiligens oan harren soan jaan. Moai ferwurde.

It ferhaal joech romte om allegearre stimmen en yntonaasjes te dwaan. Om de gelûden nei te dwaan. In ‘theater van de lach’ foar myn dochter Femke. Sels is hja ek skruten. Hja ûnderfynt dêr in protte lêst fan. Troch dit ferhaal fielde Femke har droegen. Foaral doe’t ik sei dat der altyd immen foar har wie dy’t lústere en har feilichheid jaan soe. Oant it momint dat hja sels de krêft fûn hie. En bliuw dysels, dan bisto sa moai.

It giet elke dei better mei har. Dat makket my sa grutsk op myn lytse wyfke.

Troch de byldzjende skriuwstyl fielde ik my hieltiid tichteby Abe. In mirakels gefoel. Ik seach de wrâld sa at hy dy seach troch syn eagen.

Femke har lêsbelibbing:

De yllustraasjes libben foar har. Hja aaide dêroerhinne as woe hja alles noch mear fiele en belibje. It ferhaal fûn hja prachtich. Foar har wie it in nijsgjirrige en libbensechte reis dy’t hja makke mei Abe en de Aardichman. It wie foar har in noflik momint at hja lekker waarm ûnder de tekkens yn it boek seach en lústere nei it ferhaal. Beide hawwe wy genoaten fan dit skitterjende boek. In boek dat hielendal beäntwurdet oan de belibbingswrâld fan in seisjierrich famke. En dat har no net mear sa skruten fielt, hja is dêr net allinne yn.

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint, mei prachtige yllustraasjes derby. Foar bern fan 5-9 jier.

Tekst:

Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen.

Yllustraasjes:

Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimmen noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst yn dit boek werom.

Wat wiene Femke en ik fuortendaliks betsjoend troch de libbendige, kleurrike, dúdlike yllustraasjes. Werklik poer genietsjen. Wat in talint.

Útjouwer: Afûk

Tige tank foar dit prachtige boek mei in moai boadskip. Goed dien Tialda Hoogeveen, Yke Reeder en Dieuwke van der Meer.

 

Abe en de Aardichman is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Jitske Nynke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.