heit&mem

De resinsje fan Hilde: Abe en de Aardichman

We krije wer in prachtich foarlêsboek fan de Afûk oer de post, ‘Abe en de Aardichman’. Ik lês it boek foar oan ús âldste dochter Marij (5).

x 9 september 2022

It boek giet oer Abe. Hy is krekt ferhuze nei in oar wenplak. It hûs hat in ferwyldere tún dêr’t Abe boartet ûnder in âlde strúk. Under dy strúk komt in bultsje swarte ierde yn beweging… Al gau moetet Abe in mysterieus wêzen. Abe neamt him de Aardichman. Abe is yn syn foarige wenplak pleage. Hy is dêrtroch it fertrouwen yn freonskip ferlern. Yn syn nije wenplak wennet in famke yn syn buert. Se hjit Sibrich. Al gau siket Sibrich Abe op om tegearre te boartsjen. Earst moat Abe dêr neat fan ha. Mar de Aardichman soarget derfoar dat Abe dochs mei Sibrich boartet. Ek Sibrich wit fan de Aardichman. Yn har tún wennet de Modderman. Neidat Abe yn it doarp útglidet yn de fontein en hy tinkt dat Sibrich him útlaket, nimt Abe de Aardichman yn fertrouwen en fertelt him wat der bard is yn syn foarige wenplak. En wêr’t syn âlde brânspuitauto, dy’t hy fan pake krigen hat, bleaun is. Mar dan wolle heit en mem de tún opknappe. Krekt de âlde strúk dêr’t de Aardichman ûnder wennet moat derút. Abe docht der alles oan om dat foar te kommen. Mar dan is de Aardichman fuort… Abe giet op syk en freget de Modderman om help. De Modderman seit dat Abe sykje moat op de âlde grûn. As Abe by de Modderman weikomt, sjocht hy Sibrich fytsen. Hy fertelt har dat de Aardichman fuort is. Tegearre geane se op syk.

It begjin fan it ferhaal is wol wat spannend. Al gau krijt it personaazje ‘Aardichman’ wat mear betsjutting. It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom. It boek makket nijsgjirrich oant de ein.

 

Wolst witte oft Abe de Aardichman noch weromsjocht? Wêr’t de brânspuitauto is? En wat der úteinlik bart mei de âlde strúk? Lês dan ‘Abe en de Aardichman’. In aventoerlik boek dat ynspilet op de belibbingswrâld fan bern fan 5/6 jier ôf.

 

Hilde van Kalsbeek, mem fan Marij (5) en Else (3) út Warkum.

 

Abe en de Aardichman is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Hilde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.