heit&mem

Sa prate wy thús: Bart en Janine

Sa prate wy thús: Bart en Janine

Bart (38) en Janine (33) van der Kooi binne troud en ha twa bern: Dorian fan 6 en Thyme fan 2 jier. Heit Bart praat Frysk mei de jonges en mama Janine brûkt har memmetaal Nederlânsk mei de bern. Bart en Janine prate ûnderling Frysk.

Nynke van der Zee 5 september 2022

‘Us jonkjes binne ôfgryslik linich mei taal’

Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk, Farsi. Yn de húshâlding fan Bart en Janine binne alderhande talen te hearren. ‘Ik bin taalcoach foar flechtlingen út Afganistan’, fertelt Bart. ‘Fandêr dat ik sûnt koart Farsi lear. En ik praat in aardich wurdsje Spaansk.’

Nettsjinsteande dy kleurrike talepracht yn ’e hûs wie Bart just dejinge dy’t twifele doe’t Janine foarstelde om de bern twatalich grut te bringen. ‘Om’t ik as dosinte yn it basisûnderwiis wurke ha, wit ik hoe wichtich twatalichheid is’, fertelt se. ‘Doe’t ik yn ferwachting rekke en Bart it idee foarlei om sawol Frysk as Nederlânsk mei ús bern te praten, moast er dêr wol efkes oan wenne.’

‘Ik seach it Nederlânsk as in saaklike, ôfstanlike taal’, leit Bart út. ‘Ik brûkte it Nederlânsk sels allinnich op myn wurk. Frysk wie de taal fan thús. De taal dy’t ik ús bern meijaan woe. Mar gelokkich hie ik njoggen moanne de tiid om deroer nei te tinken, want úteinlik hie Janine hielendal gelyk.’

As se mei de jonges prate, docht Bart dat dus yn it Frysk, en brûkt Janine steefêst it Nederlânsk, har eigen memmetaal. ‘De jonges switche sûnder problemen tusken beide talen. En se ferbetterje ús ek. As ik bygelyks yn it Frysk tsjin de bern sis dat we ite kinne, dan roppe se: “Nee mama, jij zegt eten”’, laket Janine. ‘Dat is by my krekt sa’, knikt Bart. ‘Ik sei lêsten: “We binne wer thuis.” Doe rôp Thyme: “Heit seit altyd thús.” Se binne dêr hiel skerp yn.’

Wêr’t Bart en Janine Frysk mei-inoar prate, brûke Dorian en Thyme ûnderling Nederlânsk as se oan it boartsjen binne. Bart: ‘Troch beide talen te brûken, leare de jonges al hiel betiid dat der in hiele protte ferskillende talen binne. En se pikke ôfgryslik rap nije talen op, sa as it Ingelsk. Krekt sa linich as se kopkedûkelje, sa linich binne se ek mei taal. Wy wolle net mear oars!’

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.