heit&mem

Frysk yn ‘e klasse

Suzanne Seepma is juf fan groep 7 en 8 fan CBS De Oanrin yn Twizel. Alle wiken jout se in oere oant oardeloere Fryske les oan de bern. Ek studearret se foar dosint Frysk oan NHL Stenden yn Ljouwert.

Dieuwke van der Meer 26 september 2022

Suzanne: ‘Fryske les fyn ik it moaiste fak om te jaan, foaral om’t ik dan myn eigen ynbring jaan kin. Alle kearen betink ik wer wat oars leuks om te dwaan. Groep 7 en 8 bestiet út 21 bern dy’t allegear de Fryske taal wol ferstean. Twa fan de 21 ha in Nederlânsktalige âlder en ien famke is oarstalich grutbrocht. Ik besykje de Fryske les altyd mei in protte entûsjasme te jaan en de druk net te heech te lizzen. Ik fyn it belangryk dat se der foaral in protte wille oan ha en dat se it moai fine om mei de Fryske taal dwaande te wêzen.

Frysk, it moaiste fak om te jaan!

Soms lês ik in ferhaal út de Bibel foar yn it Frysk. Dan komt it ferhaal wat tichterby. Ek keppelje ik de bern wolris oan de bern fan groep 3 en 4. Dy bern kinne krekt lêze en tagelyk mei de gruttere bern leare se dan ek de Fryske lûden. Dat dogge we mei in app. Hiel moai fine se dat. Lêsten ha wy in alvestêdeprojekt hân. Doe mochten de bern oer alle stêden wat skriuwe yn it Frysk. En sa betink ik alle kearen wer wat. At der ôfwikseling is, hâlde de bern der ek aardichheid oan.’

Wolsto ek mei dyn klasse op de foto en fertelle oer de Fryske les by jimme yn de klasse? Mail dan nei ynfo@heitenmem.nl

Skriuwer: Dieuwke van der Meer
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Út: Heit&Mem nr. 1 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!