heit&mem

Ferneamd: Tabe

Ferneamd: Tabe

Marrit de Schiffart 1 september 2022

Namme: Tabe Soepboer
Berne op: 20 Juny 1955
Wennet yn: Broeksterwâld

Namme pakesizzer: Tabe van der Veen
Berne op: 15 novimber 2016
Wennet yn: Broeksterwâld

Betsjutting Tabe: ferneamd/strieljend folk

 

Tabe Soepboer: ‘Ik sil it fuort mar tajaan; ik bin ferskriklik namsiik. Ferneamen fyn ik gewoan hiel belangryk. Dat wy twa bernsbern krigen mei Tabe yn ’e namme fûn ik moai: de iene hjit Jorrit Tabe (15) en de oare Tabe Jesse (10). Mar dit, in jonkje dy’t krekt as ik allinne mar Tabe hjit, spant de kroan! Ik wie dan ek út ’e skroeven doe’t ik it hearde. Ik wurke destiids as boufakker en wie yn Ljouwert oan it wurk doe’t ús dochter Jeltje belle. Koest my wol opfeie, sa emosjoneel wie ik, triennen fan blidens. Ik ha it ark fuort dellein, bin nei it MCL riden en wie as earste yn it sikehûs.

Dat wol net sizze dat ik mear mei Tabe ha as mei myn oare pakesizzers. Ik bin gek op alle berntsjes en se binne my allegearre like leaf. It is allinne sa dat ik dy namme gewoan prachtich fyn. Myn pake wie ek sa namsiik. Guon fan myn omkes en muoikes feroaren Tabe yn Toby, dat fûn hy ferskriklik. Dy pake wie trouwens ek in Tabe, der binne no dus trije generaasjes. Miskien giet de namme noch wol fierder werom, dat wit ik net.

Ik fyn Tabe in prachtige namme. In echte stoere Fryske namme, hearst him fierder ek hast noait. As boufakker kaam ik oeral, mar oare Tabes kaam ik amper tsjin en as dat barde wie it yn ’e Wâlden. Blykber is de namme dus ek noch typysk Wâldsk.

Lytse Tabe komt hjir faak oer de flier. It is in drok baaske dat altyd omfljocht en -draaft en graach yn ’e belangstelling stiet. Hy fynt it ek leuk om mei my yn it hok om te slaan, dan binne wy oan it timmerjen. Op dit stuit meitsje wy in karke. Ik ha by him thús ek in beamhutte makke, dêr spikeret er no sels graach yn om. En wy binne beide gek op stoeien, it kin lytse Tabe net gek genôch gean. En dat jildt eins ek wol in bytsje foar pake.’

Tekst: Marrit de Schiffart
Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie
Út: Heit&Mem nr.1 2022

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!