De resinsje fan Sietske: Stip yn it swimbad
It ferhaal is hiel werkenber foar Jelte fan 2,5 jier; swimmen, de bantsjes dy’t om de earmen gean, lekker boartsje en spatte yn it wetter en fansels in ijsko oan ’e ein. Mar ek dat Stip it earst wat spannend en it wetter kâld fynt, mar it úteinlik toch hiel moai fynt. Jelte kin dan ek net genôch krije fan it boek en it moat hieltyd wer opnij lêzen wurde. Omdat it sa werkenber is, en it oer swimmen giet, wat Jelte supermoai fynt, kin hy al gau it ferhaal sels fertelle en pakt er it boekje der ek graach opnij wer by om nochris te lêzen.
Ek foar syn broerke Ferre fan 10 moanne is it boekje geskikt troch de moaie kleuren en omdat it boekje fan karton is en net sa gau stikken kin.
In oanrieder!
Sietske, út Weidum
Mem fan Jelte en Ferre
Stip yn it swimbad is foar € 8,99 hjir online te bestellen.
-> Sietske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: