heit&mem

Resinsje fan Klaske: ‘It biste-alfabet’

x 18 augustus 2022

A is fan aapke, in grappich en ûndogens bist. De titel past perfekt by dit boekje. Mei dit ABC-boekje leare jonge bern hiel boartlik de letters fan it alfabet. By elke letter is in rymke betocht en dat fynt Sybren fan 5 jier prachtich.

Elke letter hat syn eigen bist en dêr is in prachtich plaatsje by makke. Trochdat it bist mei de letter boartet, is it foar bern somstiden wol wat lêstich om de letter goed te sjen. Mar de wille is der net minder om.

Foar kleuters en bern dy’t krekt lêze, is it boekje hiel geskikt. Se leare de letters en kinne sels wurden út de rymkes foarlêze. Drege letters lykas de Q binne op in grappige wize útlein.

It leuke is dat as je it Fryske alfabet hân ha, dat je dan it boekje omdraaie kinne en dan de Hollânske ferzje dwaan kinne. Deselde plaatsjes, mar dan in oar rymke.

Sybren hat nei it Fryske alfabet noch net syn nocht, dus de Hollânske ferzje moat ek altyd noch lêzen wurde. In oanrieder!

Klaske Faassen-Buma

Mem fan Sybren (5), Bauke (3) en Hessel (2)

It biste-alfabet’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Klaske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!