heit&mem

Resinsje fan Anneke: ‘Kom út dy kraan!’

x 20 juni 2022

Us Sverre is sljocht mei alles wat mei kranen, trekkers of it bouplak te krijen hat. Hy hat in soad boeken fan eins allegearre soarten masines. No’t hy wat âlder wurdt, wurdt it ferhaal derby ek hieltyd nijsgjirriger. Plaatsjes dy’t oansprekke en de oandacht lûke binne dus leuk. Dit boek wie allinnich by it sjen al in sukses! Sverre hat syn oandacht der fuort by troch it moaie omslach; in grutte kraan! Ek fertelt de foarkant al in stikje fan it ferhaal. Us Sverre seit; ‘wat docht dy plysje no?’ Ik beneam dat hy wol in bytsje lulk sjocht, wat soe er oan de hân wêze?

Bouwe mei graach op it bouplak sjen, lykas ús Sverre. Hy sjocht allegearre grutte masines achter it stek. Dy soe hy ek wol bestjoere wolle. Elke middei binne de boufakkers op it bouplak. Fan de boufakkers meie der gjin minsken op it bouplak komme. Se sizze tsjin Bouwe dat as hy dat sjocht, dat hy de plysje belje moat. Ynienen binne der in pear grutte jonges. Se dage Bouwe út om op it bouplak te kommen. Soe Bouwe dit wol doare?

Sverre wiist alle masines oan; de semintwein, de kraan, de wals. It binne prachtige plaatsjes! Sverre wol ek wol achter it stjoer fan dy grutte masines!

In prachtich boek fan Tjibbe Veldkamp en Alice Hoogstad, dat ek sûnder de tekst foar de lytskes nijsgjirrich is. De grutte plaatsjes en kleuren fertelle al in hiel soad. De wat âldere bern kinne faaks guon emoasjes al werkenne; lulk, fertrietlik, laitsje.
It boek lêst derneist hearlik fuort en is spannend! Wat soe er barre at Bouwe wol it bouplak op giet? Soe de plysje dan komme?

In hiel bysûnder boek om noch faak te besjen en te lêzen! It bliuwt nijsgjirrich, ek as Sverre aanst wat âlder is!

Anneke Postma

It boek ‘Kom út dy kraan!’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Anneke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!