heit&mem

De resinsje fan Andreja: ‘Op it bouplak’

x 20 juni 2022

Ja, it boek is der! Fuort pakke wy it boek mei ús trijen út it papier dat deromhinne sit. Jins sjocht mei grutte eagen nei de semintwein op de foarkant fan it boek. Heit blêdet der earst ris flot trochhinne mei Jins op skoat. De earste yndruk is goed. Dan lêst heit de ferhaaltsjes en dat fynt Jins al tige nijsgjirrich, hoe jong oft er ek is. It hiele boek lêze sy yn ien kear út.

It boek ‘Op it bouplak’ is in byldzjend en ynformearjend boek oer hoe’t it deroan tagiet op it bouplak. Stap foar stap wurdt yn bernetaal en mei detaillearre tekeningen útlein hoe‘t nije huzen en in parkeargaraazje yn ‘e stêd út de grûn stampt wurde. Ek wurdt sjen litten hokker masines op it bouplak te finen binne, hokker beroppen de minsken op it bouplak hawwe en hokker wurktugen en lytsere masines op it bouplak brûkt wurde. De platen wurde stipe troch koarte ferhaaltsjes dêr’t op in ienfâldige wize yn útlein wurdt hoe’t alles om en ta giet.

Jins, fan 5 moanne âld, fynt it hearlik om, lizzend op syn bûk, nei de platen yn it boek te sjen. Mei syn broer en nichtsje nimt er it boek mei as wy te rinnen geane by de nije wyk del dy ’t flak by ús boud wurdt. De bern fine it dan geweldich de delridende masines op te sykjen yn it boek en te sjen hoe’t dy masines neamd wurde. Of se sykje de wurktugen en masines yn de detaillearre tekeningen yn it boek.

It boek ‘Op it bouplak’ hat in hurde kaft en ek de bledsiden binne fan karton. Dat makket it boek al geskikt foar jonge bern dy’t der lekker sels yn blêdzje kinne sûnder dat it boek stikken giet of bledsiden knûkeljen geane. It boek is ek net al te grut, sadat bern gau sels it boek fêsthâlde kinne. De ferhaaltsjes binne koart en ienfâldich, wat it boek geskikt makket foar jonge bern, mar de detaillearre platen meitsje it ek leuk foar wat âldere bern. Myn ynskatting is dat it boek leuk is foar bern oant 8 jier.

Andreja, mem fan Jins (5 moanne) út Ljouwert

It boek ‘Op it bouplak’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

-> Andreja is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!