De nije heit&mem is der!
Hawwe jim de nije heit & mem al sjoen?? Yn it blêd lêst dit kear û.o. bern yn it ferkear, hormoanen, oer leave omkes en tantes, oer bern op de yogamatte en noch folle mear.
It blêd wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht, by biblioteken, skoallen, sikenhúzen en bernedeiferbliuwen.
Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir.
Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl.
Kinst ek in eksimplaar thús besoarge litte, it blêd is hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten.
De heit&mem is hjir online yn te sjen.
Hast fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem? Lit it ús witte! Lit hjirûnder in reaksje efter of mail it nei ynfo@heitenmem.nl.
In protte lêswille tawinske!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: