heit&mem

Pykje Fjouwer en it ferske Simmermoarn

Pykje Fjouwer en it ferske Simmermoarn

Dieuwke van der Meer 19 juni 2023

Tik tik tik.

Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije.

Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries: Kening fan ‘e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

It boek is ek yn it Nederlânsk te krijen.

Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utjouwerij Afûk
ISBN: 9789492176455

4+

Sjoch hjir foar in lesbrief by dit boek.

IT BOEK ‘PYKJE FJOUWER’ IS HJIR TE BESTELLEN

————————

RESINSJES

Jeltje: “Pykje Fjouwer is in prachtich moai boek foar bern. Leeftiid makket net út. De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine. In dikke oanrieder foar elk bern!” Sjoch hjir de hiele resinsje fan Jeltje op heitenmem.nl.

Henny: “It boek fertelt oer de krêft fan freonskip, oer it op eigen fuotten stean, aventoeren belibje, fereale wurde, betrouwen hawwe… en lykas yn elts berneboek komt it altyd goed.” Sjoch hjir foar de hiele resinsje fan Henny op heitenmem.nl. 

Tante Tjits: “Achteryn it boek stiet ynformaasje oer de skries. Dat makket it boek hiel geskikt foar wat âldere bern en om te brûken op skoalle. It klassike ‘Simmermoarn-sankje’ is in feest fan herkenning foar noch wat âlder. Ik koe mar ien kûplet, mar de bisten yn it printeboek ha gelyk: se sitte der allegear yn. Dat is in leuk sykspultsje as ekstra bonus. En: dat spultsje kinst ek bûten dwaan!” Lês hjir de folsleine resinsje.


Tekst ferske Simmermoarn

Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait: kûkelû!
`t Doke ropt: roekoekoe!
Ik wol ek sjonge fleurig fan toan.

Alles wat libbet docht der no sines by:
Fôltsjes en kealtsjes hynders en kij.
Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje.
Lamkes, dy springe nuvere blij.

’t Lurkje yn ‘e wolken, de eintsjes yn ’t lizich wiet,
moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet
De ea’ barren klapperje, ljipkes wjukwapperje.
Skries op ‘e hikke, ropt grito-griet!

`k Woe foar gjin gûne dat ‘k jit te sliepen lei,
’t is my sa noflik ier op `e dei.
Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje,
alles is fleurich, ik bin it mei.

sines = dat fan him
lizich = mei snilen (lissen) en wetterplanten begroeid
jit = noch
Ier = betiid

SJOCH HJIR FOAR IT BLEDMUZYK

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!