Foarlêsmoarn Afûk – Omke Ule
Komsto sneon 14 maaie ek nei de foarlêsmoarn by de Afûk?
Skriuwer Paul van Dijk lêst dan spesjaal foar alle bern it boek ‘Omke Ule‘ foar én de bern krije fergees in kursus stoeptekenjen fan Paul!
Wêr? : Yn de Fryske boek en kadowinkel fan de Afûk, Bûterhoeke 3 yn Ljouwert (tsjin de Aldehou oer)
Wat?: Foarlêzen troch Paul van Dijk, gitaarbegelieding fan Jurjen Faber en in ‘spoedkursus tekenjen’ mei stoepkryt foar de Afûk winkel!
Wannear? : Op sneon 14 maaie
Hoelet? : fan 11:00 oant 12:00 oere.
Wêrom? : Omdat ‘Omke Ule past op‘ sa’n moai boek is!
Foar wa? : Foar bern fan 4 oant 6 jier.
Kosten: It is fergees!
Alle bern krije in moai kado-taske mei nei hûs.
Der kinne maksimaal 25 bern nei de foarlêsmoarn komme, dus meld dy gau hjirûnder oan!
Jimme krije in pear dagen foar de foarlêsmoarn noch in mailtsje fan ús mei in befestiging.
-> Fansels kriget elk ek de gelegenheid om it boek ‘Omke Ule past op’ of oare boeken te keapjen yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk.
Ek is der in tafel mei moaie (berne)boeken foar lytse pryskes!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: