heit&mem

Boekresinsje fan Tineke: ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear?’

x 28 maart 2022

Koartlyn ha ik mei beppesizzer Björn it beareprinteboek besjoen, supergesellich! Hy is gek op boeken. It boek giet oer Grutte Bear en Lytse Bear.

Grutte Bear en Lytse Bear wienen in hiele lange winterdei bûten yn ’e snie. Stadichoan sakke de sinne, it waard tiid foar Lytse Bear om te sliepen yn it bearehol en Grutte Bear woe him deljaan yn syn noflike stoel. Wylst Grutte Bear noflik by it fjoer siet te lêzen, koe Lytse Bear noch lang net sliepe.

Hoesa net? No, hy fûn it te tsjuster om him hinne, fielde him bang, en tocht: Grutte Bear moat komme. Grutte Bear besocht it wat smûker te meitsjen mei grutte én lytse ljochten… Mar neat holp.

“Witsto wat Lytse Bear, asto it oeral sa tsjuster fynst, sil ik dy wat sjen litte… bûten!

It moaiste ljocht at it tsjuster is, Lytse Bear.”

It boek hat in handich hurd kaft mei in oansprekkende beareprint. Elke bledside hat in koarte, dúdlike tekst, sels sûnder lêsbril noch goed te lêzen 😉 De printen sille bern gau oansprekke, omdat it oer deistige, werkenbere dingen giet. Betelber, ek moai as kado, om fuort te jaan of te krijen. Goed formaat boek, wol mei tinne bledsiden, mar bern kinne it maklik sels fêsthâlde.

 

Grutte Bear en Lytse Bear, dy twa jouwe de grutte én lytse lêzer al gau it gefoel datsto yn it ferhaal lutsen wurdst. De lytse pjutten binne foaral út op it sels sa gau mooglik omslaan fan de bledsiden. De wat gruttere bern wize Grutte en Lytse Bear op elke bledside oan en sizze: ‘Sjoch, dat binne wy!!’

Koartsein: in moai printeboek dat alle dagen samar as favoryt fan ’e boekeplanke pakt wurde kin.

 

Tineke Bajema

Wommels

Beppe fan Björn

 

‘Kinst net sliepe, Lytse Bear’ is foar €14,95 hjir online te bestellen.

->Tineke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.