heit&mem

Foarlêsmoarn Afûk – Kinst net sliepe, Lytse Bear?

Dieuwke van der Meer 17 maart 2022


Komsto sneon 2 april ek nei de foarlêsmoarn by de Afûk?

Wy lêze dan spesjaal foar alle bern it boek ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear’ foar én de bern meie wat moais nifelje.

Wêr? : Yn de Fryske boek en kadowinkel fan de Afûk, Bûterhoeke 3 yn Ljouwert (tsjin de Aldehou oer)
Wat?: Foarlêze en in nifelaktiviteit
Wannear? :
Op sneon 2 april
Hoelet? : fan 11:00 oant 11:45 oere.
Wêrom? : Om’t it boek ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear’ krekt wer ferskynd is.
Foar wa? : Foar bern fan 3 oant 6 jier.
Kosten: It is fergees!

En fansels meie alle bern harren favorite bear meinimme nei de foarlêsmoarn.
Alle bern krije in moai kado-taske mei nei hûs.
Der kinne maksimaal 15 bern nei de foarlêsmoarn komme, dus meld dy gau hjirûnder oan!

Jimme krije in pear dagen foar de foarlêsmoarn noch in mailtsje fan ús mei in befestiging. 

-> Fansels kriget elk ek de gelegenheid om it boek ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear’ of oare boeken te keapjen yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk. Ek is der in tafel mei moaie (berne)boeken foar lytse pryskes!

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.