heit&mem

SJIT NO RIS OP! -> 5 tips foar in relaxed moarnsritueel

‘Sjit no ris op, sa komst noch te let’. ‘Oars giest mar yn de pyama nei skoalle!’ Wylsto de jas oan hast, klear om de bern nei skoalle te bringen sit dyn bern noch mei ien sok oan nei de telefyzje te stoarjen. Werkenber? Hoe komst yn ’e goedichheid in bytsje zen it moarnsskoft troch en krigest de bern op tiid op skoalle en dysels op tiid op it wurk?

heit&mem jout 5 tips!

Dieuwke van der Meer 26 april 2022

1.              In jûnsritueel

It moarnsskoft stiet of falt mei in goed jûnsritueel. Skriuw it ritueel út en hingje it op in plak dêr’t alle bern it ek sjen kinne. Aldere bern kinne ek prima sels guon punten fan it listke dwaan. Wat kin der op it listke stean?

  • Aginda / skoalle-app tsjekke (ha de bern ek wat, moat der noch wat mei?)
  • Bôle en fruittrompkes klear meitsje
  • Gymnastyktassen (of oar guod) klear lizze
  • Moarnstafel klearmeitsje (is der bôle, belis en fruit?)
  • Lizze de jassen, skuon, sjaals ensfh. op harren plak?
  • Dûse
  • Klean klear lizze

2.             Checklist foar it moarnsskoft

Meitsje foar de bern in checklist foar it moarnsskoft. Foar lytsere bern kinst mei plaatsjes wurkje. Der binne online ek wol guon te finen dy’tst sa útprintsje kinst. Set op de checklist dingen as:

  • Klean oan
  • Bêd opmeitsje / iepen slaan
  • Ite / drinke
  • Kopke / pantsje opromje
  • Tosken poetse
  • Hier dwaan
  • Bril poetse
  • Skuon oan
  • Jas en tas klear pakke

Wa’t it listke klear hat, kin beleanne wurde mei jûns in ekstra ferhaaltsje, in stikker, skermtiid, leuke muzyk dêr’t jim even op dûnsje of iets oars wat jim bern hiel leuk fine.

 

3.             Bepaal moarns betiid dyn yntinsje


Sûnder dat wy it yn ’e gaten ha, wurde wy moarns faak al wekker mei negative gedachten om’t de bern gille, rûzje meitsje en net meiwurkje. Faak bliuwst dan yn in negatyf gedachtepatroan hingjen. Dat fernimme de bern ek. Betink no ris moarns betiid bewust: ‘Alles rint soepel en suksesfol’. Meitsje de bern op in rêstige en fijne wize wekker. Jou se in dikke krûp. Besykje rêstich te bliuwen en reagearje fleurich op de bern en meitsje, at se net meiwurkje wolle der in leuk spultsje fan. Hingje eventueel in post-it yn de badkeamer as reminder foar dysels.

 

4.             Soargje dat alles in fest plak hat

It is ideaal as guod datst moarns brûkst in fêst plak hat en byinoar leit. De hierboarstel, de hierilestykjes, de hiergel, it brillepoetsdoekje ensfh. Soargje dat alles op in logysk en fêst plak leit sadat it moarns sa soepel mooglik giet.

 

5.             Gean op tiid fan bêd ôf.

Hâld der rekken mei dat bern gewoan mear tiid nedich ha om harren klear te meitsjen as folwoeksenen. Dingen as ite en oanklaaie duorret krekt even wat langer. Dus it is fijn om moarns dêr ek te tiid foar te nimmen. Do kinst ek mei de bern ôfprate dat se jûns dûse en moarns foardat se nei ûnder gean fuort de klean oan dogge, dy’t as it goed is al klear lizze. Ek kinst mei se ôfprate dat se fuort oan tafel sitten gean at se ûnder komme, om te iten.

Nóch handiger is datsto as âlder krekt wat earder as de bern fan bêd ôf giest. Dan hast even in momintsje foar dysels en kinst yn alle rêst dysels en miskien it moarnsiten klear meitsje.

Ut: heit&mem nr. 2 2021

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!